Lucy Neetens en Youvan Bergsma winne skriuwwedstriid oer Grutte Pier

Op 28 oktober is it 500 jier lyn dat Grutte Pier ferstoar. De 'held' út Kimswert is bekend fanwege syn 'Bûter brea en griene tsiis', syn ûnbidich grutte swurd en syn ôfmjittings. Twa ûndernimmers út Kimswert, Sjoukje Tijssen en Jamila Jarir, skreaune in skriuwwedstriid út oer Grutte Pier. De winners binne Lucy Neetens (earste priis) en Youvan Bergsma (twadde priis).
© Sjoukje Tijssen
Lucy Neetens komt út Hoorn en skreau it Nederlânsktalige ferhaal 'Hemelsvaartdag' oer in deade Grutte Pier yn 'e himel. It is in boartlik ferhaal, mar it stelt etyske fragen. Se hat faker ferhalen skreaun en ek wol prizen wûn. Se wint in tegeltablo besteande út 28 tegels fan Pier, makke troch Sjoukje Tijssen fan FRIEStile te Kimswert.
Youvan Bergsma skreau it ferhaal 'De nije frijheid' dêr't se klisjees yn ôfbrekt en Grutte Pier ferbynt mei de aktualiteit. "Ik bin der hiel bliid mei. Wat in ferrassing", sei se. Se skriuwt wol faker, mar mear lietsjes. Se wint in oernachting yn Hotel Grutte Pier yn Kimswert foar twa persoanen.
De winners binne bekend makke yn it radioprogramma Buro de Vries. Der wienen 52 ferhalen ynstjoerd. De sjuery fan de skriuwwedstriid bestie út Willem Schoorstra en Meindert Bylsma.
Harkje nei Buro de Vries oer Grutte Pier

Byld fan Grutte Pier

Yn Buro de Vries wie ek in petear mei skriuwer Willem Schoorstra en doarpshistoarikus Reinder Politiek. Wat is it byld dat wy fan Grutte Pier ha? Doocht dat noch, of soene wy dêr ris oars nei sjen moatte?
Op 5 desimber komt in Fryslân DOK oer Grutte Pier op Omrop Fryslân telefyzje, makke troch Bart Kingma.