Mear as 1.250 foto's ynstjoerd foar nije Fryske Scheurkalender

Foar de Fryske Scheurkalender 2021 binne mear as 1.250 foto's ynstjoerd. It tema wie 'wat beweegt jou in Friesland?' In soad minsken stjoerden in persoanlike foto dêr't in sjuery in kar útmakke hat.
© Fryske Scheurkalinder
"Deze scheurkalender geeft een heel mooi beeld van wat de mensen beweegt, de foto's zijn aanleiding voor gesprek en dat is precies waar we op hopen" seit inisjatyfnimmer Hent Hamming.
De Fryske Scheurkalender wurdt op 27 oktober presintearre. Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân krijt it earste eksimplaar. Fan dy dei ôf is de kalinder ek te keap.
Fan de moaiste ynstjoeringen út Fryslân en Grinslân, dêr't ek in kalinder komt, makket Noorderlicht letter noch in tentoanstelling.