Auto yn 'e sleat by iensidich ûngelok yn Winsum

Op de Spannumerdijk yn Winsum is sneontejûn in iensidich ûngelok bard. De bestjoerder fan in auto rekke fan de dyk en bedarre yn de sleat derneist.
© AS Media
De helptsjinsten waarden manmachtich oproppen. In traumahelikopter waard lykwols werom stjoerd, om't dy net mear nedich wie.
De ferwûne automobilist is mei de ambulânse ôffierd nei it sikehûs. De auto is troch in berger meinaam.