Ferskerpe alkoholmaatregels yn hotels wol ferwachte

Hotels meie nei 20.00 oere gjin alkohol mear servearje yn har bars en restaurants. Dat hat in wurdfierder freed út namme fan it kabinet meld. It kabinet lûkt hjirmei ien line mei it ferbod op de ferkeap fan alkoholyske dranken yn winkels tusken 20.00 oere jûns en 07.00 oere moarns.
© Omrop Fryslân
Oanlieding is de betizing dy't der yn guon gefallen ûntstie en it misbrûk dat guon minsken der fan makken, seit it nasjonaal kearnteam krisiskommunikaasje Covid-19. As hotelgast bliuwt it wol mooglik om nei 20.00 oere yn de hotelkeamer alkohol te drinken, dat wurdt net ferbean.
General manager Eelke-Pieter Bruinsma fan it Van der Valkhotel yn Ljouwert hie de ferskerpe maatregels wol ferwachte. "Der binne noch gjin annulearingen dien. We ha wat arranzjeminten mei diner, foar achten kinst dan noch in wyntsje drinke." Der binne neffens Bruinsma ek lekkere alkoholfrije alternativen. Hy tinkt net dat gasten manmachtich sels drank meinimme sille. "Der binne grif minsken dy't op de keamer wat drinke, mar dêr kontrolearje we net op. En minsken dy't wat ite wolle en sliepe wolle, komme noch wol gewoan by ús."
Eelke-Pieter Bruinsma