Sneldyk A7 koarte tiid ticht nei ûngelok by De Tynje

De A7 tusken Hearrenfean en Grins wie freedtejûn koarte tiid ticht, fanwege in ûngelok tusken De Tynje en Beetstersweach. Dat meldt de ANWB.
© De Vries Media
By it ûngelok wiene twa auto's belutsen. Troch ûnbekende oarsaak kamen se mei mekoar yn botsing. en fan de auto's kaam dêrnei yn de berm telâne. It is net dúdlik hoe't de slachtoffers der oan ta binne. De plysje is dwaande mei ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.