Koornbeurs-direkteur Titia Huisman: "We hâlde de moed deryn"

De gemeente Waadhoeke stelt 150.000 euro beskikber oan teäter de Koornbeurs yn Frjentsjer om de kommende tiid te oerlibjen. Direkteur Titia Huisman is bliid mei it jild, mar doart net te sizzen hoe't it yn de takomst komt.
© Omrop Fryslân, Janko Krist
In part fan it jild is bedoeld om finansjele ôffallers fan ferline jier op te fangen, mar it grutste diel is foar skea dy't it teäter oprûn hat troch de coronakrisis. "Teäter de Koornbeurs hat in negative reserve. Dêrtroch kinne wy dy ôffallers net sels opfange. Mar we hawwe de negative reserve ynpast yn ús bedriuwsfiering, dus dy rinne we stadichoan yn."

Diskusje

It wie lang spannend oft it jild der echt komme soe. It skeelde mar ien stim of it jild wie op it plak kaam fan de subsydzje dy't it teäter oars letter noch krigen hie. Dan hie it in sigaar út eigen doaze west.
De Koornbeurs bliuwt de kommende tiid iepen, mei in maksimum fan 30 besikers. "Wy wurde út mienskipsjild betelle en dan moatte je dwaan wêr't je foar opsteld binne, salang't dat mei", leit Huisman út. "Dus dat dogge we ek." It oanbod is lykwols beheind. "Uteinlik is dat fansels hiel skraal. Artysten lûke harren foarstelling ek wolris werom."

Optimistysk

Huisman besiket optimistysk nei de takomst te sjen en mei de dei te libjen. "As we allegear ticht moatte, dan is dat sa. As we noch in skoftke mei 30 man troch moatte, dogge we dat. We hâlde de moed deryn."
Direkteur Titia Huisman fan de Koornbeurs