Noed oer ferkearssitewaasje op Stasjonsplein Ljouwert: "Dit is de safolste kear"

Alwer is der tongersdei in fytser oanriden op it fytsoerstekplak op it Stasjonsplein yn Ljouwert. De persoan rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net de earste kear en der binne in soad klachten oer. LIJST058 hat dêrom noed oer de ferkearssitewaasje op it plein.
It fytsoerstekplak op it Stasjonsplein yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
"Dit is de safolste kear, en noch folle faker giet it mar krekt goed. Der moat earst goed yn kaart brocht wurde wêr't de knyppunten sitte", seit riedslid Otto van der Galiën fan LIJST058. Neffens Van der Galiën is foaral it sicht net goed. "Dat fine fytsers en automobilisten faak net goed. At it wat skimerich wurdt en de flier is wat wiet, dan wurdt it sicht noch folle minder. En automobilisten ha faak net troch dat fytsers foarrang ha."
Ek wethâlder Friso Douwstra hat soargen oer de ferkearssitewaasje. "Wy diele seker de soarch, at minsken harren dêr net feilich fiele en der ûngelokken barre moatte je dêr wat mei. Wy moatte oanpassings dwaan, en diels ha wy dat ek al dien." Der binne al plannen foar oare oplossings, seit Douwstra. "Kommende tiisdei komme wy dêr mei in foarstel foar."

Net it gefaarlikst

Hoewol't der geregeld ûngelokken barre, is it Stasjonsplein net it gefaarlikste plak foar it ferkear yn Ljouwert, seit Douwstra. "Wy sjogge dat der oare plakken binne dêr't just mear ûngemakken binne. Dizze stiet der seker by, mar net as heechste." Neffens Douwstra falt de ferkearssitewaasje by it stasjon mear op omdat it der drokker is as oare plakken.
Otto van der Galiën en Friso Douwstra