Wyksintrum De Klomp yn Ljouwert ferliest sicht op kliïnten

Troch de coronakrisis rekket in grutte groep kwetsbere minsken út byld fan helpferlieners en oare ynstânsjes. De foarsjenningen dêr't se oars noch altyd hinne koene, binne folle beheinder iepen en ek binne in soad minsken benaud dat se dêr corona oprinne sille, wylst oaren wer net mei in mûlkapke op earne wêze wolle. In probleem want dêrtroch reitsje minsken dy't it al dreech hawwe mear yn in isolemint en komt earmoede en iensumens om 'e hoeke sjen. By netwerkcentrum Oud Oost meitsje se harren soargen om harren fêste klanten dy't no net mear komme.
De Klomp ferliest sicht op kliïnten
It sintrum waard trije jier lyn iepene. Der wurde kursussen jûn, der kin in bakje dronken wurde, der is in kapper en in 'kledingweggeefwinkel'. Gewoanwei kamen der tsientallen minsken op in dei binnen. Mear as 200 yn 'e wike. Frijwilligers helpe dizze minsken op de goede wei of as der problemen binne.
No kinne der fanwegen de maatregels noch mar 15 minsken binnen. De 12 stazjêren dy't der wiene kinne net mear helpe en in soad minsken komme net mear. Hoe't it mei dy minsken giet is net dúdlik. Senan Hubanic fan Oud Oost tinkt dat der in soad problemen ûntstean sille troch dizze situaasje.
Der binne net folle mooglikheden om de minsken thús op te sykjen fanwegen alle beheiningen. Hy hopet dan ek dat de hiele mienskip meihelpt om de kwetsbere minsken yn harren omjouwing ekstra omtinken te jaan.
© Simone Scheffer
De kleanwinkel bygelyks hat oars sa'n 50/60 minsken op in dei, no komme der noch mar 1 of 2. Neffens Linda fan de 'weggeefwinkel' is dat om ferskate redenen. Sa moat der no reservearre wurde om del te kommen. It binne faak minsken mei in taalefterstân, dy fine it dreech om soks te dwaan en oaren doare net mear.
Sy makket har grutte soargen oer dizze groep. Se hat in klantebestân fan 750 minsken. "Die zitten niet voor niks in deze bak, die komen verder in de ellende hierdoor", seit Linda.
© Simone Scheffer
Op tongersdeis sieten der altyd in lytse 60 minsken te iten yn it sintrum. Jefta is de kok en makke de mielen klear. No is der in ôfhelsysteem. Heecht 15 minsken komme del om wat te heljen. De rest komt net mear. "Het is een gemis, de gezelligheid van bij elkaar zitten hier", seit Jefta.
En ek kapper Ali hat syn kursus knippen stake moatten. Hy sjocht syn kursisten ek net mear. "Dat is heel erg vind ik", seit hy.
© Simone Scheffer
Sigrid is coronakrisiskoördinator en ek sy makket har soargen. Boppedat wurdt it foar it sintrum ek hieltyd dreger om itenspakketten te meitsjen. Der komt minder jild binnen fan sponsoaren en ek minder iten. Mar de iensumens fan minsken, fynt se it slimst. "Minsken kamen hjir en koene dan efkes kleie, harren ferhaal kwyt, en no komme se net mear, ik meitsje my soargen", sa seit Sigrid.