FIDEO: Op ôfstân bestjoerbere teleskoop pleatst yn it Lauwersmargebiet

De stjerrewacht fan de Rijksuniversiteit yn Grins hat woansdei in teleskoop yn it Lauwersmargebiet ynstallearre. Yn july is de koepel fan de stjerrewacht pleatst en hoewol't de universiteit fan Grins al in komplete stjerrewacht yn de stêd hat, binne se tige wiis mei it nije objekt yn it Lauwersmargebiet.
NOCH: Pleatsing teleskoop Sterrewacht Lauwersmar
Marlies van de Weijgaert, projektlieder by de Ryksuniversiteit Grins: "Op de Zernike Campus hebben we de Blaauw Sterrenwacht, maar we hebben daar veel licht op de campus en hier staat de telescoop op een mooie donkere plek, namelijk het Dark Sky Park Lauwersmeer. Dit is dus een perfecte plek voor een sterrenwacht."
De stjerrewacht is bedoeld foar wittenskippelik ûndersyk, mar yn gearwurking mei Staatsbosbeheer wurde der aktiviteiten organisearre dêr't besikers fan it gebiet ek bylden sjen kinne dy't makke binne troch de teleskoop. Hans Gartner, boskwachter by Staatsbosbeheer is tige bliid mei de stjerrewacht dy't stiet op ien fan de donkerste plakjes fan Nederlân. "Er zijn nog maar weinig plekken waar je zo mooi een 'Dark Sky' hebt waar je de hemellichamen goed kan zien. Het is dus een prachtige plek voor een sterrenwacht. Ook is de samenwerking met de Rijksuniversiteit Groningen erg belangrijk, want we kunnen nog veel van elkaar leren."
De kommende moannen wurde de teleskoop test en wurdt de software ynstallearre. De Rijksuniversiteit Groningen en Staatsbosbeheer hoopje kommende winter de earste waarnimmingen dwaan te kinnen.