Supermerk op Midslân (Skylge) ticht fanwegen coronabesmetting
De COOP yn Midslân op Skylge is op it stuit sletten fanwegen in positive besmetting binnen it team fan meiwurkers. Op de doar hinget in briefke mei de tekst: "wij zijn genoodzaakt om voor ieders veiligheid hierin een besluit te nemen".

It team lit ekstern personiel oerkomme nei it eilân om tydlik yn de winkel te wurkjen. Doel is dat de winkel sa gau mooglik wer iepen kin.