Liveblog | 21 oktober 2020

Coronanijs woansdei 21 oktober: 138 nije besmettingen

Yn dit liveblog kinst it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân folgje.
Bywurke: 22 oktober 2020, 07:28
21:48

Unwennige Steateleden

21:31

'Slach om 'e Toer' giet dit jier net troch

De kuiertocht Slach om 'e Toer giet dit jier net troch. It evenemint by Surhuzum is skrast fanwege it coronafirus. De tocht set gewoanwei útein by MFC De Delfeart yn Surhuzum en giet nei Surhústerfean, Drachtsterkompenije, Trimunt en werom. Elts jier rinne der wol mear as tûzen kuierders mei en dêrom is der neffens de organisaasje dit jier gjin begjinnen oan.
20:38

Firologen: 72 oeren selsisolaasje by positive test sûnder klachten eins te koart

Minsken dy't posityf test binne op covid-19 en (noch) gjin lêst hawwe fan symptomen krije it RIVM-advys trije dagen yn selsisolaasje te gean. Bekende firologen sette fraachtekens by de foarskreaune 72 oeren, no't it tal besmettingen tanimt.
It soe feiliger wêze om tsien dagen selsisolaasje oan te hâlden. "Want het duurt tot maximaal tien dagen tot je klachten krijgt", seit Niesters fan UMCG.
It RIVM lit witte dat it belied is derop rjochte is om út te sluten dat minsken yn de saneamde pre-symptomatysk faze sitte, dêr't neffens it ynstitút meastal binnen 72 oeren symptomen ûntwikkele wurde. Mei de tafoeging dat it Outbreak Management Team him de kommende tiid nochris bûge sil oer it belied.
20:27

In brief fan boargemaster Sybrand Buma oan de ynwenners fan Ljouwert

18:30

Mear bedriuwen kinne tenei de provinsjale oardelmeterregeling brûke

18:24

Sikehûs MCL yn Ljouwert fiert oare tiden foar besite yn

18:20

"Skoallen slute is lêste maatregel tsjin coronafirus"

Dat seit bestjoersfoarsitter Anne Leijenaar fan skoalmienskip Bogerman yn Snits. Saakkundigen wolle de middelbere skoallen slute, om't yn de leeftiidskategory fan dy bern hieltyd mear besmettingen plakfine. "Dat is een stap die veel te ver gaat", seit Leijenaar.
Bogerman