Blokje-om-app hellet thúswurker Sytske út Snakkerbuorren út 'e burostoel

Yn beweging wêze is goed foar it ûnthâld en it ferminderet stress. Dêrom wol de Hersenstichting mei de Ommetje-app minsken dy't in soad thús wurkje stimulearje om te kuierjen. Sytske Kooistra út Snakkerbuorren makket al in soad gebrûk fan de app.
Kuierje mei de ommetje-app
Sytske Kooistra wurket by de Veiligheidsregio, mar sit al moannen thús te wurkjen. Se mist it direkte kontakt mei de kollega's en ek de spontane útstapkes. "Ik moat minsken om my hinne hawwe", seit se.
Kollega Hans kaam op it idee in groepke oan te meitsjen yn de Ommetje-app fan de Hersenstichting. Dielnimmers kinne mei help fan de app mei-inoar de útdaging oangean om genôch te rinnen.
Sytske Kooistra en har hûntsje Gurbe © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Johanna Brinkman rint mei Sytske Kooistra en hûntsje Gurbe fan Snakkerbuorren nei Lekkum
Op de app kinst foar de kilometers, mar ek it tiidstip fan de kuiertocht punten fertsjinje. Sytske tocht earst dat se net genôch rint om goed meikomme te kinnen yn 'e app. Mar se makket safolle kuierkes foar en nei it thúswurkjen, dat se no sels boppe-oan de list stiet.
"Ik sjoch troch de dei hinne op de app om te sjen oft in kollega my ynhelle hat. As dat sa is, meitsje ik in ekstra kuierke. Ik bin wol in bytsje kompetityf wurden."
Bykommend foardiel foar Sytske is, is dat se op har kuierkes ek oare minsken tsjinkomt dêr't se op ôfstân in praatsje mei meitsje kin.
Sytske Kooistra: We ha 43 minuten rûn, de app berekkenet de punten