GrienLinks wol ferbod op alle mynbou-aktiviteiten yn Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf wurket sûnt begjin 2019 net langer mei oan it winnen fan ierdgas yn de gemeente. De riedsfraksje fan GrienLinks fynt dat dat net fier genôch giet. It belied moat jilde foar alle mynbou-aktiviteiten yn de gemeente, fynt de partij.
© Omrop Fryslân
It bedriuw Vermilion Energy tsjinne febrewaris 2019 in fergunningsoanfraach yn foar trije moannen seismysk ûndersyk yn Himmelum en Lemsterlân, wêrûnder't ek diels de westhoeke fan Weststellingwerf falt. De gemeente De Fryske Marren woe de ûntheffing útstelle, mar waard troch de bestjoersrjochter twongen om dochs akkoart te gean. Weststellingwerf hat der net oer diskusjearre.

Vermilion moat opnij ûntheffing oanfreegje

Fanwege de coronakrisis hat Vermilion besletten om de ynvestearringen foar 2020 út te stellen nei it neijier fan 2021. Dêrnei duorret it noch op syn minst in jier foar't alle ûndersyksresultaten analysearre binne. Pas dan wit Vermilion oft it gas of ierdwaarmte út de boaiem helje sil. It beslút om it ûndersyk út te stellen, betsjut ek dat Vermilion in nije ûntheffing oanfreegje moat, ek yn Weststellingwerf. Neffens GrienLinks jout dat de gemeente no de tiid om it belied krekter fêst te stellen en de diskusje te iepenjen.
Fraksjefoarsitter Gaby Thijssen fan GrienLinks: "Alle vormen van mijnbouw hebben gevolgen voor de ondergrond, zoals we die ook bij gas- en zoutwinning kennen die we met ons beleid juist willen voorkomen. Het is daarom logisch om het gasbeleid uit te breiden naar alle activiteiten die met mijnbouw te maken hebben." GrienLinks wol witte hoe't it kolleezje en de oare fraksjes deroer tinke.