Voedselbanken moatte kreatyf wêze om elk help te jaan

Fryske Voedselbanken herkenne har lang net allegearre yn it lanlike byld, dat der no minder iten beskikber is trochdat supermerken en restaurants no minder guod oanbiede. Op oare plakken fernimme se it lykwols wol, en binne de skappen in stik leger as oars.
De voedselbank op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Bygelyks by de Voedselbank fan It Hearrenfean. De minsken dy't hjir alle wiken yn it spier binne om it iten goed te ferdielen ûnder de minsken sjogge ek dat de sitewaasje feroaret. Bestjoerslid Froukje de Jong: "Wy moatte de hiele tiid bykeapje, alle wiken keapje wy farske griente yn."
Benammen foar de hâldbere produkten rint it magazyn alle wiken leech. Op it Hearrenfean merke se fierder dat de tsjerken net mear folslein beset binne. "Dêr krigen wy ek in hiele protte fan, mar tsjerken meie net in soad minsken ûntfange, en dat skeelt yn ús foarried."
Voedselbank It Hearrenfean

Grientebrigade

Eefkes fierderop yn wyksintrum De Klomp yn Ljouwert moatte se ek alle seilen bysette om de minsken te helpen. Sa is der in spesjaal projekt, de 'groente en fruitbrigade'. Dat giet om santjin minsken yn de wyk dy't it sa min hawwe dat der griente út de tún fan Techum komme moat. Der wurde tongersdeis santjin taskes ferpakt, mei wat fruit by de supermerk wei. En dan kinne minsken sa'n taske ophelje. Mar it wyksintrum hat yntusken al minsken op de wachtlist, de tún rint leech, en der is aanst gjin griente mear. Dat is wol in probleem, sa seit de wurdfierder fan it wyksintrum.
De Klomp Ljouwert oer tekoart oan jild foar iten