147 nije coronabesmettings yn Fryslân - 15 pasjinten op Fryske IC's

Yn Fryslân binne der de ôfrûne 24 oeren 147 nije coronabesmettings bykaam. Dat meldt de GGD Fryslân. Ljouwert hie mei 26 nije coronapasjinten de grutste groei, op de foet folge troch Súdwest-Fryslân mei 22 nije besmettings.
© Shutterstock
Op dit stuit lizze der 15 pasjinten op de Fryske Intensive Cares. Dat wiene der freed noch 12. Op de gewoane Fryske soarchôfdielings lizze der yn totaal 29 minsken. Dat wiene der freed 30.