Trekker ferliest tsjil by botsing mei auto yn Skearnegoutum

By in botsing tusken in trekker en in auto yn Skearnegoutum moandeitemoarn is de trekker in tsjil kwytrekke. Fan de auto bleau net folle oer. De bestjoerder fan de auto rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht.
© AS Media
It ûngelok barde krekt foar sân oere moandeitemoarn oan de Blankendalwei. Troch de botsing skeat de auto fan it talúd en bedarre yn de sleat. De bestjoerder is troch ambulânsepersoaniel kontrolearre en nei it sikehûs brocht. De sjauffeur fan de trekker rekke net ferwûne.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net dúdlik.