Flinke nederlaach foar SC Hearrenfean tsjin better Ajax: 5-1

Sportklup Hearrenfean is sneintemiddei yn Amsterdam tsjin in flinke nederlaach oanrûn. De ploech fan trainer Johnny Jansen ferlear mei 5-1 fan in folle better Ajax. Yn de folslein lege Johan Cruijff ArenA skoarde allinne Henk Veerman foar Hearrenfean.
© Orange Pictures
Al yn de fjirde minút skoarde de thúsploech. Dusan Tadic kaam rjochting de goal en skeat heech yn 'e hoeke: 1-0. Hearrenfean hie muoite om druk te setten op de Amsterdammers, dy't yn de 27ste minút ek noch in strafskop krigen. Sherel Floranus krige de bal tsjin 'e earm, en dat waard fêststeld troch de VAR. Hearrenfean-keeper Erwin Mulder gie by de penalty de ferkearde hoeke yn en seach Tadic syn twadde doelpunt notearje.

Ajax set troch

It waard noch slimmer yn de earste helte foar SC Hearrenfean. Tsien minuten foar it skoft makke Mohammed Kudus it tredde doelpunt foar Ajax. Kudus kaam it strafskopgebiet yn en skeakele keeper Mulder út: 3-0. Hearrenfean krige in kânske fia Oliver Batista Meier, mar dat brocht de doelman fan de Amsterdammers net yn 'e problemen.
© Orange Pictures
Healweis de twadde helte kaam Hearrenfean einliks op it skoareboerd. Henk Veerman makke yn de 66ste minút de 3-1. Inkelde minuten letter kaam Ajax lykwols ek wer foar de goal. De Amsterdammers krigen in penalty om't Lassina Traoré fêstholden waard. Davy Klaassen profitearre troch de 4-1 te meitsjen. Yn de lêste minuten skoarde ek Anthony noch foar Ajax, wêrmei't de einstân op 5-1 kaam.

Tsien punten

Hearrenfean hat no yn totaal tsien punten sammele út fiif wedstriden. Takom sneon stiet in thúsduel tsjin FC Emmen op it programma.
Ajax - SC Hearrenfean 5-1 (3-0) 4. Tadic 1-0; 28. Tadic 2-0; 35. Kudus 3-0; 66. H. Veerman 3-1; 72. Klaassen 4-1; 87. Anthony 5-1.
Opstelling Hearrenfean: Mulder, Floranus, Bochniewicz, Van Hecke, Dresevic, Woudenberg, Kongolo (81. Dewaele), Batista Meier (46. Nygren), J. Veerman, Van Bergen, H. Veerman.