VVD en Partij voor de Boeren: gjin sinneparken op lânbougrûn Tytsjerksteradiel

De fraksjes fan de VVD en de Partij voor de Boeren yn Tytsjerkseradiel wolle dat der gjin sinneparken op lânbougrûn komme yn de gemeente. Tongersdei tsjinje de partijen dêr in moasje foar yn. Neffens de fraksjes wurket it kolleezje yn de duorsumensaginda oan plannen om sa'n 200 oant 300 bunder lân te brûken foar sinnepanielen.
© Shutterstock.com (Pfalzdrone)
De partijen binne benaud dat der te folle lânbougrûn opoffere wurdt. "Elke hectare vruchtbare landbouwgrond hebben we dringend nodig in de toekomst. Zonnepanelen horen op daken," seit Nynke Koopmans fan de Partij voor de Boeren.

Lânskipspine

Ek wolle de partijen foarkomme dat it lânskip oantaast wurdt, sy skriuwe sels fan 'landschapspijn' en in 'fersteuring'. "We willen voorkomen dat we in de komende jaren onherstelbare schade aanbrengen aan onze landschappen," fynt Sjaak Hoekstra fan de VVD.
Op dit stuit hat de provinsje noch in tydlik ferbod ynsteld om nije fergunningen ôf te jaan foar sinneparken, mar dat is mar tydlik. Op 17 septimber hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oanjûn dat der yn de nije duorsumensaginda stiet dat de gemeente ien of mear sinneparken bouwe litte wol.