COA: Nei in jier oerlis noch hieltyd gjin ekstra opfangplakken flechtlingen

It is dreech om 400 nije opfangplakken foar asylsikers te finen yn de provinsje. Fiif jier nei de flechtlingekrisis is der op 'e nij grut ferlet op opfang. Want yn de fiif besteande asilsikerssintra yn Fryslân is gjin plak mear. It COA, sintraal orgaan opfang asylsikers, is al in jier dwaande sûnder resultaat.
COA: op koarte termyn 400 ekstra opfangplakken nedich
"Op dit moment zitten we om tafel met alle burgemeesters", seit Corina Deekens, regiomanager van COA regio Noord. "Overal in Nederland moeten extra plekken gezocht worden, maar er is gelukkig geen weerstand vanuit de gemeenten. Maar in Fryslân wordt wel gezegd: wij doen al zo veel."
Yn totaal hat Fryslân fiif asylsikersintra mei yn totaal 2.550 plakken. Dy plakken binne sawat allegear beset. Neffens Deekens komt dit troch wachttiden by de ymmigraasjetsjinst en krapte op de wenningmerk sa't statushâlders gjin eigen hûs krije kinne. En der is in hegere ynstream fan flechtlingen as ferwachte.

Rap mear plakken nedich

Dêrom binne der no rap 400 mear plakken nedich. Foar Fryslân soe dat in stiging fan 16 persint oan opfangplakken betsjutte. Dêrmei hat Fryslân al mear plakken as dat eins hoecht, seit Deekens. "Dat is van oudsher eigenlijk al het geval. In Fryslân is meer ruimte."
It COA hat al lokaasjes op it each mar wol net sizze hokker. Harns soe ien fan dy plakken wêze kinne. Dêr is skoften wurke oan plannen foar in asylsikerssintrum. Mar om't de tastream fan flechtlingen fuortfoel, wie in sintrum dêr net mear nedich.
Wij hadden goede plannen en hard gewerkt aan draagvlak. En dan krijg je de mededeling dat alles voor niets was.
Boargemaster Roel Sluiter
Boargemaster Roel Sluiter fan de havenstêd is dêr noch altyd teloarsteld oer: "Wij hadden goede plannen en hard gewerkt aan draagvlak. En dan krijg je de mededeling dat alles voor niets was. Ik begrijp dat de situatie snel kan veranderen, maar het geeft voor nu wel enige reserve om direct weer mee te werken."

Gaos fan 2015 foarkomme

Dat de ekstra plakken der komme is neffens it COA hiel wichtich. De organisaasje wol foarkomme dat der wer sa'n gaos ûntstiet as fiif jier lyn. Doe wie Harns ien fan de plakken dêr't krisisneedopfang regele wie.
Sluiter wie doe tige kritysk , benammen op de earste perioade: "Volgens mij heb ik destijds gezegd dat er werd gezeuld met de vluchtelingen. Ze werden in een bus gezet en reden uren door Nederland om uiteindelijk onderdak te krijgen in de Waddenhal hier. Het was allemaal erg chaotisch. Je kon wel merken dat Nederland toen toch overvallen is door de grote toestroom."

It AZC fan de takomst

Wêr't de ekstra plakken komme moatte, wit Deekens noch net. Mar it asylsikerssintrum fan de takomst komt der hiel oars út te sjen as it oan it COA leit. "Wij denken niet dat er een herhaling komt, maar we hebben er wel van geleerd." Deekens jout oan dat se in buffer sykje. "COA is nu aan het kijken dat er in de toekomst een ander soort locaties kunnen bouwen. Locaties waar verschillende groepen in kunnen, bijvoorbeeld asielzoekers maar ook studenten of arbeidsmigranten."
Dêrneist hat minister Kajsa Ollongren de gemeenten witte litten dat der eksperimentearre wurde mei op 10 lokaasjes mei 150 asylsikers as maksimum. Dat wolle gemeenten al folle langer. Mocht Harns yn byld komme dan is Sluiter foarstanner fan in lytse lokaasje: "Dat hadden we ook in de oude plannen. Dat past veel beter bij een gemeente als Harlingen."
It COA en de gemeente Harns prate ein oktober oer de mooglikheden foar opfang fan flechtlingen.
Omrop Fryslân hat de ôfrûne wiken weromsjoen op de flechtlingekrisis fan 2015. Hoe sjocht it Reade Krús werom op dizze hektyske perioade? Hoe giet it no mei de flechtlingen? En hoe sjocht it COA nei de opfang fan flechtlingen yn de takomst?