'Gymnastiekvereniging Leeuwarden' bestiet 125 jier

Gymnastiekvereniging Leeuwarden bestiet dit wykein 125 jier. De feriening is yn 1895 oprjochte ûnder de namme De Jonge Brinio, yn 1909 feroare it yn de hjoeddeiske namme. Troch alle coronamaatregels kin it bestjoer gjin feest hâlde om it jubileum te fieren. Wol sil der takom jier op ferskate mominten omtinken foar wêze. En ek is der spesjaal in hoodie makke mei it jubileumlogo.
© Gymnastiekvereniging Leeuwarden
Yn 't earstoan wie de feriening foar leden út Huzum, mar nei 1896 waarden ek leden fan Ljouwert talitten. Yn 1903 sleat de feriening him oan by it Nederlands Gymnastiek Verbond. By de feriening wie earst allinne omtinken foar gymnastyk mar letter kaam dêr ek turnjen, rinne, swimme, atletyk, akrobatyk, ritmyske gymnastyk, jazzballet, follybal en springe by.
De feriening is wakker grutsk op it jubileum. "Nu, 125 jaar later, zijn we nog steeds een levendige vereniging, en daar zijn we supertrots op! Met ruim 250 leden is GVL één van de grotere verenigingen in Friesland," skriuwt it bestjoer.