Wurkstraf en selstraf ûnder betingst foar sjitynsidint yn Ljouwert

Twa manlju út Hilversum ha in wurkstraf fan hûndert oeren krigen foar in sjitpartij yn Ljouwert, begjin ferline jier. Ek krigen se twa wiken selstraf ûnder betingst. De twa fan 47 en 50 jier rieden ferline jier in auto klem yn de Vuurdoornstrjitte en skeaten trije kear mei, nei alle gedachten, in alarmpistoal.
Rjochter © Shutterstock.com
Ien fan de twa fertochten seit dat der net sketten is en dat de oare auto net klemriden is. Hy soe útstapt wêze om mei de bestjoerder te praten. Mar op de hannen fan beide fertochten binne spoaren fûn.
Justysje giet der fan út dat de oanlieding foar de sjitpartij in konflikt yn de relasjonele sfear is. De straf is gelyk oan de eask.