Kollum: "Caliphate"
"As spesjale ferslachjouwer Podcasts fan de Omrop, ha ik hjoed in update út podcastlân. Want der is sensasjonele opskuor oer in grutte Amerikaanske podcast, dy't ien fan 'e foarbylden is foar alle ferhalende podcasts. Ik ha it oer Caliphate, in produksje út 2018 fan it gesachhawwende The New York Times, makke troch Rukmini Callimachi.

De toan fan Botte Jellema
It giet oer in Kanadeeske Pakistaan dy't radikalisearre as tiener, nei Syrië reizge en dêrfoar de IS-plysje wurke. Hy soe twa eksekúsjes útfierd hawwe. Dizze haadpersoan is in pear wiken lyn arrestearre, om't hy it hiele ferhaal optocht hawwe soe. En dat is ferbean yn Kanada, yn de terrorism hoax law. It liket der dus op dat it hiele ferhaal fan dizze hit-podcast net wier is.
Ik sil it mar earlik sizze: ik ha de podcast net hielendal heard. Der binne in soad podcasts en ik moat ek noch wurkje foar myn sinten. Dus ik moat antwurd fine op de fraach wêrom't ik nei wat lústerje. Yn dit gefal: pro is dat it fan The New York Times is. Contra: wol ik it ferhaal fan immen dy't radikalisearre is hearre, immen dy't twa moarden pleegd hat. Neu. Sa't ik ek net nei de ôflevering fan College Tour sjoen ha mei Willem Holleeder. Ferhalen fan ien persoan binne sjoernalistyk altyd problematysk. Want dat is gjin boarne-ûndersyk. Dat is misgien by Caliphate, sa't it no liket.
Yn De Volkskrant waard karaktermoard op de makker fan de podcast pleegd: se is binnenhelle by The New York Times fanwege har meislepende berjochten oer fiere gebieten. Foaral troch in tragikomysk ferhaal fan har oer de kassabontsjes fan Al-Qaida kaam se op de radar fan de krante. De Volkskrant skriuwt dat oare kranten har rommelich en happich fine. It sil allegearre wol, mar wichtiger is de fraach hoe't ien fan de belangrykste kranten op 'e wrâld, mei in soad bombaarje, op it nije platfoarm dat podcast is, dit ferhaal net út en troch checkt hat.

The New York Times is it no oan it útsykjen, mar ien fan harren columnisten skreau al oer de befiningen. Oer hoe't it barre kin skriuwt er dat The New York Times midden yn in feroaringsproses sit, fan in deeglik deiblêd fol nijsberjochten, nei in kolleksje soppige, goed fertelde ferhalen op in ferskaat oan platfoarms. Donald Trump neamt The New York Times al jierren fake news. Hy sil dizze kollum wol útknipt hawwe.
Rukmini sels retweet alle dagen tweets oer wat foar fantastyske ferslachjouwer se is. En se kin it spultsje fan karaktermoard ek: se retweet dat immen seit dat in diel fan 'e krityk út ressentimint wei komt, dat der no Schadenfreude is, mei in hint fan seksisme.
Wat moat de podcastlústerer hjir no mei. En wat moatte minsken dy't nijsgjirrich binne nei dit nije platfoarm dermei. Fan 'e wike seagen in miljoen Nederlanners in stikmannich Nederlânske podcasters oan tafel by De Vooravond sitten. Allegearre mannen, 1 frou. Allegearre chatcasts, dus gesprekspodcasts.

Allegearre minsken dy't al bekend binne fan oar wurk yn 'e media. Ien fan de oanwêzigen fertelt dat er in soad oare putsjes opsein hat, om't er no foar in part libje kin fan de podcast. Fan dizze persoan is bekend dat hy berne is yn jild en dat der dus foar him net safolle op it spul stiet. Yn syn podcast giet it faak oer hoe't hy mei al it jild omgean moat, folge troch in oprop om foaral te donearjen oan 'e podcast fia petjeaf.nl. It sil je kennismakking mei podcast mar wêze.
It is in nij medium. It is net sa gek dat der wat misgiet hjir en dêr. As podcastmakker sit ik der midden yn en besjoch it mei ferwûndering. Wat it meast mist oan dit medium is krityk. It is populêr, mar is noch net yn 'e faze dat dermei wat ôfstân en ynsjoch regelmjittich oer skreaun of praat wurdt. Sa soe der ris wat sein wurde moatte oer de obsesje mei sensasjonele true crime yn podcastlân, en Caliphate heart ek yn dy kategory. En oer jild fertsjinje mei podcasts.

En mediapersoanlikheden dy't podcastlân kape mei harren obligate praatsjes. It medium is bjusterbaarlik, mar it hat nedich dat ferhalen yn podcasts klopje, foardat se soppich en goed ferteld wurde."