Toer fan Marsumer Poptaslot yn de stegers; sipel kriget nije laaien

Grut ûnderhâld foar it Poptaslot yn Marsum: de westlike toer fan it gebou stiet yn de stegers: nei goed 40 jier krijt de 'sipel' wer nije laaien en nij leadwurk. De lytse kajuten wurde ek meinommen en de wynwizers wurde opnij fergulde. Nei alle gedachten sil it wurk ein desimber klear wêze.
Toer Poptaslot yn de stegers; sipel kriget nije laaien
Der hawwe wolris earder renovaasjes west, mar nei fjirtich jier is de sipel no wer oan bar, seit slotbewarder Bert Prins. Der wie nochal wat lekkerij yn en dêrom moat er opnij belein wurde mei laaien. Fierders wurde by wize fan stekproef in pear muorre-ankers út de muorre helle. As se ferruske binne, wurde alle muorre-ankers oanpakt.

"In moaie put"

Fanwege de corona komme der sûnt maart gjin besikers op it Poptaslot en dus hawwe de boufakkers alle romte. Op dit stuit wurdt by de steigers op in boulift opboud. Ien fan de liftbouwers sjocht de foardielen wol yn fan dizze put: "Dit binne moaie projekten. Kinst in bytsje om dy hinne sjen. Sa'n âld gebou sprekt wat mear ta de ferbylding. Ik hie hjir noch nea earder west."
De foartún fan it Poptaslot is wol iepen foar besikers. Nijsgjirrigen kinne út de tún wei de renovaasje folgje.
© Omrop Fryslân, Afke Boven
Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by it Poptaslot
Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by it Poptaslot (2)