Angelsportferiening Voorwaarts út Drachten yn it spier foar skjinne fivers

Net mear fiskje en swimme kinne troch in wyldgroei oan wetterplanten. Dat is it gefal yn ferskate fivers yn Drachten. Angelsportferiening Voorwaarts út Drachten is dêr klear mei. Se hawwe dêrom as proef in spesjalistysk bedriuw ynskeakele om de planten fuort te heljen. Foar twa fivers is dat in put fan seis dagen en it kostet mar leafst 16.000 euro.
Angelsportferiening Drachten yn it spier foar skjinne fivers
Mei in spesjale boat wurde de planten út it wetter helle. De metoade dy't brûkt wurdt soarget derfoar dat de planten ek definityf ferdwine. Dit yn tsjinstelling ta meanen. Dan komme de planten nei ferrin fan tiid werom.

Libbensgefaarlik

Neffens bestjoerslid Siebe Huizenga binne de planten net allinnich ferfelend foar de fiskers, mar is it ek noch ris gefaarlik foar bern. "As je der ynfalle, dy planten sitte fêst oan de grûn, dêr kinsto net yn swimme", seit Huizenga.
De feriening betellet it skjinmeitsjen fan de fiver yn gearwurking mei Sportvisserij Fryslân en Nederlân út eigen bûse. De gemeente Smellingerlân betellet dus net mei. "Dan kinne se ek net nee sizze", seit Huizenga.
De feriening hopet dat as dizze proef slagget, de gemeente de folgjende kear wol meibetelje wol. "As dit allegearre goed giet is it op de lange termyn goedkeaper. As it allegearre fuort is dan krije je in natuerlike fiver, mei natuerlike plantegroei. Dan hawwe je hast gjin ûnderhâld", seit Huizenga.
Besjoch hjirûnder it folsleine petear mei Siebe Huizenga:
Folsleine petear Siebe Huizenga
Ek Sportvisserij Fryslân betellet in tredde part fan de kosten. De koepelorganisaasje soe graach yn elke gemeente in 'fiskpearel' ha wolle. "Dit soarte fan wetteren binne hiel belangryk foar spesifike doelgroepen. Hjir steane bygelyks in hiel soad âldereinwenningen, mar ek de jeugd kin op hieltyd minder plakken sportfiskje. Dêrom fine wy it hiel belangryk om fiskpearels te realisearjen", seit Tamme Smit fan Sportvisserij Fryslân.
Besjoch hjirûnder in petear mei Tamme Smit fan Sportvisserij Fryslân:
Folsleine petear Tamme Smit
Ferslachjouwer Lars de Leeuw wie by de fiver