Liveblog | 14 oktober 2020

Coronanijs fan 14 oktober: 124 nije coronabesmettings

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Bywurke: 15 oktober 2020, 06:27
woansdei 14 oktober 2020
22:38

Minister Van Ark seit ta: earedifyzefroulju falle ûnder selde beslút as manlju

Minister Tamara van Ark (Sport) wol dat ek it earedifyzjefuotbal foar froulju trochgean kin. "Wat voor mannen geldt, geldt ook voor vrouwen", sei se yn it coronadebat yn de Twadde Keamer.
De KNVB makke earder bekend dat de earedifyzje foar froulju net ûnder de útsûndering falle soe dy't it kabinet makket foar profsporters op de coronamaatregels. Dy ferbiede 4 wiken it sporten yn teamferbân. De minister wol earst mei de KNVB beprate hoe't de maatregels dy't jilde foar manljusteams, lykas de 'sportive bubbel' ek foar froulju jilde sille.
21:56

It lêste rûntsje...

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
21:07

Corona-app moat yn it Frysk: "It is de twadde rykstaal"

De corona-app moat der ek yn it Frysk komme. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. De app is no yn mear as 10 talen te lêzen, mar noch net yn it Frysk en dat wylst it Frysk de twadde rykstaal fan ús lân is. De provinsje wol de app graach yn it Frysk. "It is ek hiel persoanlik foar minsken. Dit giet oer jo sûnens, oer jo eigen wolwêzen en leefomjouwing. Dan wurket it hiel goed as jo dat yn it Frysk dwaan kinne, dat fielt fertroud", seit Poepjes.
20:59

Kabinet sjocht oft ekstra stipe foar bedriuwen nedich is

It kabinet wol de gefolgen yn kaart bringe fan de flink oanskerpe coronamaatregels foar bedriuwen. Premier Mark Rutte seit dat de besteande stipepakketten al berekkene binne op it hjoeddeiske senario. Mar hy slút net út "dat er meer moet gebeuren".
20:51

SEH yn gefaar

It tal oprinnende sikehûsopnamen fanwegen it coronafirus bringt ek de spoedeisende help (SEH) fan sikehuzen yn gefaar. Neffens de Nederlandse Vereniging van Spoedeisende Help Artsen (NVSHA) komt it no alle dagen foar dat pasjinten by in slim ûngelok of hertfalen net mear nei it sikehûs yn de buert kinne. Dat komt om't der gjin trochstream fan pasjinten yn sikehuzen is en ic's en ferpleechôfdielingen fol reitsje.
20:46

Albert Heijn en Jumbo slute winkels net earder

Supermerkketens Albert Heijn en Jumbo binne noch net fan doel om de winkels earder te sluten fanwegen it ferbod op de ferkeap fan alkohol nei 20.00 oere. Oare saken lykas Poiesz dogge dat wol.
Jumbo meldt nei 20.00 oere de skappen mei alkohol ôf te sluten. Sliters yn winkels geane dan ek ticht. Albert Heijn wol de klant goed ynformearje mei û.o. posters yn de winkels.
20:34

Net mear rekreatyf ride op Thialf

Rekreatyf ride kin net mear yn Thialf. De direksje fan de iishal op It Hearrenfean hat besletten dat riders fan tongersdei 15 oktober ôf net mear op de baan kinne. Reden foar dit beslút is dat de coronamaatregels oanskerpe binne.
19:23

Q&A mei húsdokter Bart Maats

Bart Maats, in húsdokter fan De Gordyk dy't sels ek it coronafirus hân hat, beäntwurde woansdeitemiddei yn it radioprogramma Weistra op Wei safolle mooglik fragen fan de harkers oer corona.
19:19

Bekerwedstriden amateurklups ferskood

De bekerwedstriid fan Harkemase Boys tsjin Kozakken Boys wurdt ferskood nei begjin desimber. Sa lost de KNVB it probleem fan de amateurklups yn de KNVB-beker op.

Amateurs meie net traine

De KNVB-beker is in toernoai foar klups út it betelle fuotbal, mar der dogge ek amateurklups oan mei. Dy meie lykwols net traine de kommende tiid. Troch de wedstriden mei amateurploegen te ferskowen nei begjin desimber, hat de KNVB in oplossing foar dat probleem fûn.
De bekerwedstriden fan SC Hearrenfean (tsjin TOP Oss) en SC Cambuur (tsjin RKC) bliuwe wol stean op ein oktober.
17:30

Terraske pakke kin no noch, hoareka giet ticht

Sluting hoareka is ek klap foar winkels yn Ljouwert: "De siel is der wat út"
17:10

Bioskopen bliuwe iepen: net mear as 30 besikers yn de seal

De bioskopen fan Pathé bliuwe de kommende tiid iepen, meldt de bioskooporganisaasje oan it ANP. Der meie op syn heechst tritich besikers yn de seal. Der wurdt gjin alkohol ferkocht, wol frisdrinken en popcorn,en de kafees binne ticht.
Yn de bioskoop wurde oare RIVM-maatregelen ek goed yn 'e gaten hâlde. Besikers moatte mûlkapkes op hawwe en oardel meter ôfstân ta inoar hâlde.
Bioskoop © Shutterstock.com
17:01

Kunstmaand Ameland giet net troch

16:43

Sette de sealkompetysjes dit jier noch útein? Kuorballers Flamingo's ha dêr noed oer

Foar de kuorballers fan de Flamingo's út Bûtenpost sit de earste helte fan de fjildkompetysje der hast op. Gewoanwei set ein oktober de sealkompetysje útein. Mar troch de nijste coronamaatregels is it noch folslein ûndúdlik oft der in sealkompetysje komt, en wannear't dy kompetysje dan úteinsette kin. Foarsitter Ette-Frits Veenstra makket him soargen. Alle amateursport-kompetysjes binne op syn minst fjouwer wiken stillein.
16:15

"Mûlkapkesplicht net te hanthavenjen"

Plysje en BOA's fine it dreech de mûlkapkesplicht te hanthavenjen. Dat meldt krante it AD. Dat der salang diskusje west hat oer it nut fan mûlkapkes docht de saak gjin goed. Elkenien fan 13 jier en âlder moat yn 'e iepenbiere romte in net-medysk mûlkapke op hawwe. Dat wol it kabinet.
Gerrit van de Kamp fan plysjefakbûn ACP kin it allegearre net mear folge, sa seit er tsjin it AD. Rutte seit dat de wetlike grûnslach foar in mûlkapesplicht ûntbrekt. Dêr hie er dochs yn de simmer alle tiid foar, freget Van de Kamp him ôf.
© ANP
16:10

Poiesz net mear iepen nei 20.00 oere

Alle supermerken fan Poeisz binne tenei net mear iepen nei jûns 20.00 oere. Dat giet tongersdei yn. Oars wiene de winkels op tongersdei en freed oan 21:00 oere iepen. Nei 20.00 oere meie de winkels gjin alkohol mear ferkeapje.
De Poiesz yn Berltsum © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
15:12

Risikokaart: wat mei wol en wat mei net?

Foar minsken dy't him nochris rêstich besjen wolle, want der stiet safolle op: op de site rijksoverheid.nl kinst de risikokaart delhelje en besjen hokker maatregels by hokker risikonivo en dus foar dyn gebiet hearre. Fryslân sit op it nivo 'earnstich'. Foar it hiele lân jildt de kwalifikaasje 'tige earnstich', want it tal besmettingen leit lanlik yn trochsneed op mear as 250 de 100.000 bewenners.
15:03

Sluting hoareka is ek klap foar winkels yn Ljouwert: "De siel is der wat út"

No't kroegen en restaurants ticht moatte, ferwachtsje ek winkels omsetferlies. Dat seit Hayo Galema, binnenstêdsmanager fan Ljouwert. It libben is neffens him út de stêd om't minsken net allinnich nei Ljouwert ta komme om te winkeljen, mar ek om efkes wat te drinken of te iten. "It is dochs wat stiller yn de stêd."
© Omrop, Auke Zeldenrust
14:54

Ekskurzjes Appelskea gean net troch

Dat duorret foarearst oant en mei 11 novimber, sa meldt Steatsboskbehear. It natuergebiet Drents-Friese Wold sels is wol tagonklik foar besikers. Dêr binne kuierrûtes.
De Keale Dunen yn it Drents-Friese Wold © Omrop Fryslân
14:35

Boargemaster Veenstra wurdt net fleurich fan thúswurkjen

Dat stiet te lêzen yn syn weblog op de site fan de gemeente De Fryske Marren. Boargemaster Fred Veenstra is hiel drok mei coronasaken. Sa hat er foar Fryslân oerlis nei de Verening Nederlandse Gemeenten. Neffens minister Ollongren binne boargemasters 60 oant 90 prosint fan harren tiid mei corona dwaande, skriuwt Veenstra.
Boargemaster Fred Veenstra © Omrop Fryslân
14:30

Reedrydteam mei hast wer út karantêne yn Langwar

De reedriders fan Team Reggeborgh sitte harren lêste oeren út yn karantêre yn fakânsjehúskes yn Langwar. Dat meldt schaatsen.nl. En se ferfele harren net.
14:10

Ofrûne etmiel 124 coronabesmettings

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 124 nije coronabesmettings by kaam. Dat meldt it RIVM. Dat binne der minder as tiisdei; doe wiene it der 143. Moandei wie it heechste oantal besmettings ea yn Fryslân yn ien dei: 294.
De measte nije coronagefallen waarden it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Ljouwert. Dêr krigen 23 minsken in positive test werom. Yn Súdwest-Fryslân testen 20 minsken posityf op it firus.
Allinnich yn de gemeente Tytsjerksteradiel is de ôfrûne 24 oeren in persoan mei corona yn it sikehûs opnaam. Der is yn Fryslân sûnt tiisdei gjinien ferstoarn oan it firus.
Besjoch ús dossierside foar in folslein oersjoch fan de coronasifers yn Fryslân.

Coronabesmettings yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Gemeente Aantal besmettingen
Achtkarspelen 6
It Amelân 1
Dantumadiel 1
Eaststellingwerf 6
Flylân 1
De Fryske Marren 12
Harns 2
Hearrenfean 12
Ljouwert 23
Noardeast-Fryslân 4
Opsterlân 7
Skiermûntseach 0
Skylge 0
Smellingerlân 16
Súdwest-Fryslân 20
Tytsjerksteradiel 6
Waadhoeke 4
Weststellingwerf 3
Totaal: 124
13:42

Frijwilligers sportferienings yn 'e knipe

It ferbod op wedstriden en trainingen by it amateurfuotbal moat net folle langer duorje as fjouwer wiken, oars ûntstiet der echt in probleem. Dan komme saken as de distriktsbeker slim yn de knipe en soe it wolris sa wêze kinne dat de kompetysje yn jannewaris hielendal opnij opstart wurde moat. Dat seit Jan Dirk van der Zee fan De Gordyk, direkteur amateurfuotbal fan de KNVB.
© Omrop Fryslân
13:38

Húsdokter jout antwurd op harkersfragen oer coronafirus

Kin ik noch nei de húsdokter? Hoe goed binne de húsdokters taret op dizze nije coronagolf? Hoe foarsichtich moat ik wêze? Watfoar klachten krij ik fan it firus? Wat kin ik sels dwaan om it firus tsjin te gean? Húsdokter Bart Maats, dy't sels it firus ek hân hat, jout woansdeitemiddei by Omrop Fryslân antwurd op dyn fragen oer it coronafirus.
Maats is tusken 16.00 en 17.00 ús gast yn Weistra op Wei, te folgjen op radio, telefyzje en online. Kinst dyn fragen no alfêst ynstjoere mei de Omrop-app of nei 06 - 20 499 199. Fan 16.00 oere ôf kinst ek mei de útstjoering belje. It nûmer is 058 - 212 36 18.
© Omrop Fryslân
13:21

Begjinnend restauranthâlder kin net los

Der komme wer swiere tiden oan foar de hoareka. Guon sille it miskien net rêde en omfalle. Mar hoe is it foar in begjinnende hoareka-ûndernimmer dy't dizze moanne iepenje soe? Douwe Gerlof Heeringa is sa'n ûndernimmer. Oer twa wiken soe de feestlike iepening fan syn herberch The Friezinn wêze, op de Westhoek op It Bilt.
Iepening De Friezinn moat útsteld
Ferslachjouwer Simone Scheffer praat mei Douwe Gerlof Heeringa oer syn restaurant dat net iepen kin
13:06

Coronaboetes ferlege

In coronaboete foar it skeinen fan de oardelmeterregel kostet tenei gjin 390 euro mear, mar 95 euro. De ferleging giet fuortendaliks yn, sa hat it Iepenbier Ministearje bekend makke.
De ferleging fan de boete moat noch offisjeel fêstlein wurde yn de coronawet dy't no by de Earste Keamer leit. De Twadde Keamer stimde tiisdei yn mei in tydlike coronawet, reden foar it IM om de boetes no alfêst te ferleegjen.
In kantonrjochter yn Arnhem besleat ferline wike al de coronaboete foar fjirtjin persoanen te ferleegjen.
12:49

Soad siikmeldingen op wurk

De Arbo Unie sjocht it tal siikmeldingen 'eksplosyf tanimmen'. Neffens de organisaasje sitte in soad minsken yn noed oer hoe't it komt mei de corona. Se witte net wêr't se oan ta binne.
De taname docht him foar yn alle sektoaren. By de hoareka en winkels wie dat wol te ferwachtsjen. Mar ek yn sektoaren dêr't in soad thúswurke wurdt, lykas ict-bedriuwen, de oerheid en finansjele ynstellingen, nimt it tal siikmeldingen bot ta.
Neffens de Arbo Unie is thús wurkje net sûn fanwege it missen fan in praatsje mei de kollega's, en it is lichaamlik ek net sûn.
12:32

Gruthannels mooglik wer iepen foar partikulieren

Gruthannels Makro, Hanos en Sligro wolle ek wer tagong jaan oan partikulieren. Oars binne se inkeld tagonklik foar bedriuwen en de hoareka. It ryk moat tastimming jaan foar de tagong fan partikulieren.
Fan 't foarjier mei de earste coronaweach wiene de gruthannels ek al iepen foar elkenien. De gruthannels binne rommer yn winkeloerflak as oare winkels, wat minder kâns op coronabesmettingen jout. Boppedat, mei de gruthannels derby komme der minder minsken yn de supermerken. Foar de gruthannels is de omset in tige wolkomme ynstruier, no't se de hoareka kwyt binne as klant omdat dy ticht moat.
12:18

Cambuur-NAC giet net troch

11:37

Mear coronapasjinten op Fryske ic's, minder op gewoane ôfdielings

Yn de Fryske sikehuzen lizze op dit stuit acht minsken mei corona of coronafertinking op de intensive care. It Regionaal Orgaan Acute Zorg (ROAZ) hat de sifers bekendmakke. It tal ic-pasjinten is omheech gien, want moandei leine der seis op de ôfdieling mei de heechste foarm fan soarch. Op de 'gewoane ôfdielings' is it tal pasjinten mei corona of in coronafertinking leger wurden. Dat binne no 29, wylst it moandei noch 32 wiene.
It ROAZ soarget derfoar dat de pasjinten sa gau mooglik op it plak telâne komt dêr't se de soarch krije dy't se nedich hawwe.
11:22

Helte fan ferpleechhuzen corona

Sûnt it begjin fan de coronaútbraak hat sawat de helte fan it tal ferpleechhuzen yn Nederlân te krijen mei in coronabemetting of -útbraak. Dat meldt minister Hugo de Jonge oan de Twadde Keamer. It tal lokaasjes mei minstens ien besmetting is de ôfrûne tiid mei mear as 40 prosint tanaam. Yn fergelyk mei in moanne ferlyn is it tal ferpleechhuzen mei in besmetting ferdûbele.
By sawat 10.600 bewoners fan ferpleechhuzen is corona fêststeld. Ien op de trije is ferstoarn, wat delkomt op sawat 2,5 prosint. Mar gelokkich wurdt in grut diel fan de minsken wer better, skriuwt De Jonge.
11:06

Tryater-foarstelling yn doarpen leit stil

De lêste wiken fan de foarstelling It gelok fan Fryslân fan toanielselskip Tryater gean net troch fanwege de nije coronamaatregels. De foarstellings stiene op it programma foar de doarpen Reduzum, Kollum en Winaam. Se gean mooglik takom maitiid wol troch.
De foarstelling soe yn novimber ek te sjen wêze op it festival Explore the North. It is noch net dúdlik oft dat ek ôfsein wurdt. In beslút dêroer wurdt pas naam as der mear dúdlik is oer mooglikheden binnen de coronamaatregels.
Op de kuierrûte fan Tryater. © ORF
11:01

Basketbalkompetysje leit fjouwer wiken stil

10:38

Studintelibben wurdt der net better op

De nije maatregels binne in grutte klap foar alle minsken, ek foar de studinten. No't de hoareka wer ticht giet en de studinten net mear yn grutte groepen by elkoar komme meie, wurdt it studinteleven der net better op.
09:39

Ekspertteam OMT ferdield oer sluting hegeskoallen en universiteiten

Saakkundigen fan it Outbreak Management Team binne it net ien oer de fraach oft it middelber en heger beropsûnderwiis en de universiteiten iepenbliuwe moatte. No al jouwe dy ûnderwiisynstellingen benammen online les. Firusbestriders freegje harren ôf oft in tydlike fysike ûnderwiisstop 'passend' is. Foar basis- en middelbere skoalle is wol it advys dat se iepen bliuwe moatte.
09:35

Ien op fiif wurkjende Nederlanners minder ynkommen troch coronakrisis

Ien op de fiif Nederlanners is der troch de coronakrisis wat jild oanbelanget op achterút gien. Nochris ien op de fiif hâldt der rekken mei dat se de kommende tiid minder ynkomsten krije sille. De sifers stean yn in enkête fan pensioenutfierder BeFrank ûnder wurkjenden.
Sûnt it begjin fan de coronakrisis hawwe goed 300.000 minsken harren baan ferlern, sa hat it CBS fêststeld. No docht bliken dat in soad minsken dy't noch wol wurk hawwe, ek finansjeel achterútbuorkje.
09:20

Leararen en soarchpersoniel krije útslach foarrangstest nei 41 oeren

Yn de 43 'fast lanes' dêr't leararen en essinsjeel soarchpersoniel him mei foarrang op it coronafirus teste litte kinne, is it drok. Tusken it meitsjen fan in ôfspraak en it krijen fan de útslach sit by dizze foarrangsgroep gemiddeld 40,8 oeren, meldt soarchminister De Jonge oan de Twadde Keamer.
Foar 'gewoane' tests sit der gemiddeld likernôch 3,5 dei tusken in meitsjen fan in ôfspraak en it ûntfangen fan de útslach. Minsken wachtsje gemiddeld twa dagen oant se telâne kinne foar in test, en wachtsje dan noch sa'n 36 oeren op de útslach. Nettsjinsteande de rop út de Twadde Keamer en brânsjorganisaasjes wei, leit it neffens De Jonge net foar de hân om mear beropsgroepen ta te heakjen oan de regeling.

Fraach nei prioriteitstesten grut

De Jonge seit mei klam dat de testkapasiteit hooplik gau útwreide wurde kin en dat "de ontwikkelingen rondom sneltesten verwachtingsvol" binne. Boppedat is de fraach nei prioriteitstesten al grut. Ein oktober nimt de bewâldsman de tydlike foarrangsregeling noch ûnder de lûp en sil hy "de balans opmaken of testen met prioriteit, en zo ja voor wie, nog aan de orde is".
De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De foarrangsregeling kent twa grutte problemen: ien dêrfan is dat minsken dy't dêr hielendal net foar yn oanmerking komme it foarrangsnûmer belje. Oan de oare kant slagget it leararen en essinsjeel soarchpersoniel, foar wa't de foarrangsregeling yn it libben roppen is, just somtiden net om in ôfspraak te meitsjen, om't de line te drok beset is.
Allinnich personiel dat essinsjele soarch ferlient krijt foarrang, seit De Jonge. "Om het voor zowel de zorgmedewerkers zelf als voor de GGD'en duidelijker te maken wie in aanmerking komt is een lijst opgesteld van beroepen/specialisaties die in ieder geval in aanmerking kunnen komen voor de voorrang voor het testen bij klachten."
08:56

Fryslân hat risikonivo 'ernstig'

De provinsje Fryslân hat sûnt tiisdei it risikonivo 'ernstig'. Dat is te sjen op it Regionaal Dashboard Coronavirus fan de Ryksoerheid.
Dêr is ek te sjen dat juster 22,5 op de 100.000 ynwenners fan Fryslân posityf testen op it coronafirus. De sinjaalwearde, it nivo dêr't de alarmbellen op ôfgean, is 7 op de 100.000 ynwenners. Fryslân is dy sinjaalwearde dus flink passearre.
© Rijksoverheid
08:21

Hast 7,5 miljoen sjoggers foar parsekonferinsje

De parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge hat tiisdeitejûn hast 7,5 miljoen sjoggers lutsen. Dat is hast in miljoen mear as de foarige parsekonferinsje fan 28 septimber, dêr't hast 6,5 miljoen minsken op ôfstimden.
De measte minsken, 5,54 miljoen, seagen de parsekonferinsje op NPO 1. Op RTL4 seagen mear as 1,5 miljoen minsken nei Rutte en De Jonge en 312.000 seagen de parsekonferinsje op SBS6, docht bliken út sifers fan Stichting KijkOnderzoek.
08:01

CNV-ûndersyk: wurkstress nimt ta

Yn dit stadium fan de coronakrisis hat 29 persint fan de wurkjenden lêst fan tanimmende wurkstress. Hast fjouwer op de tsien minsken dogge harren wurk mei minder wille en ien op de fiif ûnderfregen seit dat de sfear op it wurk hieltyd grimmiger wurdt. Ek jout goed ien op de trije minsken oan dat it fersom op it wurk tanimt.
In fyfde sjocht dat ûnderlinge spannings op de wurkflier oprinne. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it CNV ûnder 1.500 leden. It fakbûn pleitet foar in akute krisishelpferliening om in stiging oan burn-outs foar te kommen.
"Dit binne alarmearjende sifers. It wetter stiet miljoenen wurkjenden oan 'e lippen. De ein fan dizze krisis is noch lang net yn sicht", seit CNV-foarsitter Piet Fortuin. "De oerheid moat no rap in flink bedrach frijmeitsje foar krisishelpferliening yn bedriuwen. In psychysk needhelpfûns."
© pixabay.com
Fortuin pleitet foar in fêst oansprekpunt by elts bedriuw. "Ien dy't sinjalearret, in harkjend ear biedt of meitinkt oer oplossings. Arbodokters moatte ek struktureler sprekoeren ynrjochtsje om previntyf yngripe te kinnen by oprinnende spannings en stress. Wurkjouwers moatte dit probleem skerper op de radar krije en hjir budzjet foar frijmeitsje. Dogge we neat, dan gean we ôf op in weach fan coronaburn-outs yn it neijier", seit Fortuin.
It CNV pleitet ek foar spesjaal omtinken foar thúswurkers. Goed in tredde fielt him hieltyd iensumer troch it thúswurkjen, docht bliken út de enkête.
07:51

Keamer praat opnij oer ûntwikkelings rûnom coronafirus

De Twadde Keamer debattearret woansdei mei premier Rutte en minister De Jonge oer de ûntwikkelings rûnom it coronafirus. It oantal besmettings rint de ôfrûne wiken rap op. It kabinet kundige tiisdeitejûn oanskerpe maatregels oan dy't de groei fan it oantal coronabesmettings beheine moat.
Hoewol't de opposysjepartijen begryp lykje te toanen fan de maatregels, binne der genôch krityske kanttekenings oer de kabinetsmaatregels. "De maatregelen van vandaag zijn nodig", seit GroenLinks-foaroanman Jesse Klaver. "Maar wat voelt het zuur dat we hier zijn aanbeland. Dat heeft alles te maken met de laissez-faire houding van het kabinet, falend testbeleid en gebrek aan centrale regie."

"Ongelooflijke bende"

"Het kabinet is op volle snelheid tegen de eigen besluiteloosheid gebotst", seit SP-fraksjefoarsitter Lilian Marijnissen. Neffens PVV-lieder Geert Wilders betellet Nederlân de priis foar "het falen" van premier Mark Rutte en soarchminister De Jonge. "Ze hebben er een ongelooflijke bende van gemaakt", fynt Wilders. "Ze negeren aerogene besmettingen."
Foarôfgeand oan it debat praat RIVM-direkteur Jaap van Dissel de Twadde Keamer by oer de oanpak fan it coronafirus.
07:35

Earste Keamer fergaderet en stimt oer twa wiken oer coronawet

De Earste Keamer fergaderet op moandei 26 oktober plenêr oer de coronawet, en stimt der yn prinsipe de folgjende dei oer. Betingst is wol dat soarchminister Hugo de Jonge folgjende wike skriftlike fragen út de senaat wei op tidich beäntwurdet.
De Twadde Keamer stimde tiisdei yn mei de wet, dy't de coronamaatregels dy't it kabinet oant no ta naam hat in steviger juridyske basis jaan moat. No wurde noch beheinings oplein fia needferoarderings. De Jonge trúnde direkt oan op in rappe behanneling yn de Earste Keamer.

Eigen ôfwaging

Mei tanksij oanpassings dêr't it kabinet him ree ta ferklearre, koe de yn earste ynstânsje kontroversjele coronawet úteinlik yn de Twadde Keamer rekkenje op in mearderheid. Utsein de koälysjepartijen stimden PvdA, GroenLinks, SGP en 50PLUS dermei yn.
Mei de stipe fan de partijen soe it kabinet ek yn de senaat in mearderheid hawwe. Mar de senatoaren meitsje harren eigen ôfwaging. Sy wolle bygelyks witte wat de Raad van State derfan fynt dat allinnich de Twadde Keamer yn hoecht te stimmen mei coronabesluten en sysels net.
07:30

Wolkom!

Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan woansdei 14 oktober. Yn dit liveblog melde we it lêste coronanijs út Fryslân en de rest fan it lân. It liveblog fan tiisdei 13 oktober is hjir nei te lêzen.