Minister Schouten wol oer 10 jier sa'n 26 persint minder stikstof-útstjit
De útstjit fan stikstof moat oer 10 jier goed 26 persint leger lizze as no. Dat stiet yn it wetsfoarstel dat minister Carola Schouten fan Lânbou by de Twadde Keamer yntsjinne hat. Mei de wet wol sy regelje dat der minder stikstof yn de natuer komt, mar ek dat grutte bouprojekten wol trochgean kinne. Lânbou-organisaasje LTO Noord is noch net hielendal tefreden mei it foarstel.

"Dit wetsfoarstel moat derfoar soargje dat alle doelen dy't yn de Keamerbrief fan 24 april stiene helle wurde," seit Trienke Elshof fan lânbou-organisaasje LTO Noord. Mar sy is noch net te sprekken oer de konkrete dingen dêr't minister Schouten mei komt.
"Wy sjogge noch gjin oplossing"
Elshof: "Wy freegje omtinken foar dat wy yn de lânbousektor en yn oare sektoaren bedriuwen hawwe sûnder in fergunning. Dy bedriuwen steane dêrtroch yn harren ûntwikkeling ek stil. Sy kinne net in nije liening oanfreegje, sy kinne it net oerdwaan oan in oar en it sels net ferkeapje. De minister hat sein dat sy it oplosse wol, mar wy hawwe dy oplossing op dit stuit noch net sjoen. Sy leit it ek wol wer wat by de provinsjes del, dy fine it ek dreech. Yn dizze Keamerbrief fine wy noch net in oplossing."
Elshof wit net oft 26 persint minder stikstof wol reëel is. "Dat is dreech te sizzen, ek om't wy net krekt witte wat dêr no foar nedich is. Ek by ús eigen sektor. Is opkeapjen effektyf? Of moatte wy renovearje? Dat is net dúdlik. Miskien is it hielendal net helber, dat witte wy noch net."
Trienke Elshof van LTO Noord
