Reade skries brekt wrâldrekôr mei flecht fan 12.000 kilometer

In reade skries hat it wrâldrekôr fan de langste non-stop flecht brutsen mei in streekrjochte tocht fan Alaska nei Nij-Seelân. The Guardian skriuwt dat de greidefûgel yn alve dagen tiid mear as 12.000 kilometer flein hat.
Reade skries © Jan van der Kam
De reade skries begûn op 16 septimber mei de lange flecht. Underweis helle er somtiden snelheden fan hast 90 kilometer yn de oere. De fûgel hie in stjoerder by him, sadat ûndersikers him goed folgje koene.
De reade skries fleach mei fjouwer oare skriezen. "Ze lijken te weten waar ze zich op de wereld bevinden", seit Jesse Conklin fan it Global Flyway Network. "We kunnen het niet echt verklaren, maar ze lijken bijna een kaart in hun hoofd te hebben."

Strieljager

Neffens Conklin is de bou fan in reade skries te fergelykjen mei dat fan in strieljager, en kin er dêrom sa fier fleane. De wynstream boppe de oseaan ferklearret nei alle gedachten hoe't de fûgel de tocht folhâlde kin. Mooglik yt it bistje ûnderweis net.