Hoareka folslein ticht: "We dragen onze bedrijfstak ten grave"
It kabinet makket op de parsekonferinsje tiisdeitejûn nei alle gedachten bekend dat de hoareka hielendal ticht giet en dat nei 20.00 oere gjin alkohol mear yn de supermerk ferkocht wurde mei. Dat ferwachtsje insiders yn Den Haag. It is de safolste tsjinslach foar de hoareka en net earlik, fynt foarsitter Corné van de Erve fan Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Fryslân.

"Het voelt alsof we vanavond onze bedrijfstak ten grave gaan dragen", seit Van de Erve. Neffens him binne dit te yngripende maatregels foar de sektor om fuortbestean te kinnen. Van de Erve hie leaver sjoen dat der ynset wurde soe op tûke oplossingen, sadat der wol gewoan jild fertsjinne wurde kin en de hoareka ek nei coronakrisis oerein bliuwt.
"Laten we vooral niet in de emotie schieten en gewoon de cijfers van het RIVM erbij nemen." Neffens Van de Erve moat der skerper tafersjoch komme op thúsfeestjes. "Dat los je ook niet op door te zeggen dat je na 20.00 uur geen alcohol mag kopen, want mensen kopen het dan wel van tevoren."
Der wiene earst ek noch lûden dat hoareka om 18.00 oere slute soe, yn stee fan folslein ticht. Van de Erve: "Alles is beter dan helemaal sluiten. Maar veel slimmere oplossing was geweest om te handhaven en het probleem aan te pakken waar het ligt: in de thuissituatie."
Finansjele stipe
Van de Erve hopet dat de oerheid gau mei finansjele stipe komt foar de hoareka: "Want wij zijn de enige bedrijfstak die gesloten wordt. Ik vind het niet meer dan normaal dat wij daarvoor worden gecompenseerd." Oant no ta is dat neffens him net altyd goed bard. "We kregen niet wat ons beloofd was, maar dat waren wel steuntjes in de rug."
In soad bedriuwen tarre no op harren sparjild. "Dan red je het niet met positiviteit en de schouders eronder", seit Van de Erve. Hy hopet dat it kabinet noch op oare tinzen brocht wurde kin.
Hoareka Dokkum ticht
By stedskafee Artisante yn it hert fan Dokkum sjogge se de parsekonferinsje realistysk yn 'e mjitte. Eigener fan it kafee, Ido Pranger, ferwachtet net in soad ferrassingen yn de parsekonferinsje. "Alles wat der earder útlekt is, dat kloppe. Wy moatte wer omgean mei de nije situaasje."
Pranger ferwachtet in drege tiid foar in soad bedriuwen, oer it fuortbestean fan syn eigen ûndernimming sit er net fuortendaalks yn. "Al is dat wol ôfhinklik fan hoe lang't dizze situaasje no wer duorret."