Westgat wurdt wer te ûndjip en moat rap útbaggere wurde

It Westgat, de trochgong foar skippen fan It Amelân en Skiermûntseach nei Lauwerseach ta, driget wer te ûndjip te wurden. Dêrom soe dit stik fan de Waadsee baggere wurde moatte, seit havendirekteur Harm Post. Hy ropt Rykswettersteat op om yn aksje te kommen.
© Google Maps
Twa jier lyn is dit stik ek baggere en dat hat doe ekonomysk posityf útpakt. "Doordat het stuk werd uitgebaggerd in 2018 konden de grotere kotters de haven weer bereiken", seit Post. "Daar kwam een geweldige economische impuls uit voort. We kwamen op een totaal economisch effect van 30 miljoen euro."
Dat driget no lykwols wer te ferdwinen. Ut mjittings dy't eltse twa moannen útfierd wurde, docht bliken dat it Westgat wer ûndjipper wurdt. Post: "In het begin hield het Westgat zich uitstekend, maar we zien de laatste tijd dat er een soort drempel ontstaat, vlak voor het Westgat de Noordzee bereikt." Dy drompel fan sa'n 5,5 meter moat fuorthelle wurde, sadat skippen net skeind reitsje.

"Uitermate wispelturig"

It is neffens Post net fanselssprekkend dat it Westgat op djipte hâlden wurdt. "Bovendien is de Waddenbodem uitermate wispelturig. Dat hebben we ook bij andere havens gezien." In hjerststoarm kin bygelyks ynienen in drompel opsmite, dy't fuortendaalks fuortbaggere wurde moat. "In dit geval is het langzamer gegaan."
De haven fan Lauwerseach © Rykswettersteat
Yn de haven fan Lauwerseach lizze twa baggerskippen dy't normaal sprutsen ynset wurde by It Amelân. Dy soene neffens Post no foar net al te folle jild oan de slach kinne yn it Westgat. Mar dan moat Rykswettersteat dêr wol in fergunning foar ôfjaan.
Post is dêrom mei harren yn petear. "Maar zo ver zijn we nog niet", seit hy. Post soe graach sjen dat Rykswettersteat wat rapper yn aksje kaam. Neffens him wol dy earst in offisjele evaluaasje útfiere litte. "Wij willen sneller actie dan Rijkswaterstaat van plan is."
Havendirekteur Harm Post