Soargen oer nije coronamaatregels kabinet by Sanjes Safari

It is hjerstfakânsje, meastentiids in momint om wat mei de bern te ûndernimmen. Mar kin dat wol yn dizze tiid fan corona? We seagen by Sanjes Safari tusken Feanwâlden en De Westereen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
"Minsken moatte yn it foar online kaarten keapje, sa kinne we de besikersstream regulearje", fertelt Wimer Visbeek fan it park. "Oars kinne we wol sa'n 600 oant 800 minsken deis kwyt, mar no meie der net mear as 150 man tagelyk binnen. Dan kinne we oan alle maatregels foldwaan. Ek soargje we derfoar dat der gjin wachtrige is, want we ferkeapje 30 tickets it kertier."
Yn maaie hat it park neitocht hoe't se goed oan de maatregels foldwaan kinne, mei romte tusken de tafels, rinrûtes, spatskermen yn de hoareka en in skieden yn- en útgong. "We sizze dat de grutten net yn de boarterstastel meie, mar as in bern yn it doalhôf yn need is, dan moatst wol helpe fansels, mar brûk dyn sûn ferstân."

Doar op slot?

It is in drege tiid foar it park. "It is moai dat we iepen binne, elk euro ha we mar wer. We moatte it oer in langere perioade sjen. We tarje wol yn. As we werom moatte nei 30 minsken, dan kin de doar wol op slot."
Hy hat pinebúk oer de kommende parsekonferinsje. "Ik hoopje dat we op deselde foet fierder kinne. Us sektor hat al in soad klappen hân yn it foarjier, gelokkich wie it wol in goede simmer. Mar ik bin bang dat se ús wer pakke. We binne net in 'eerste levensbehoefte.'"
Ferslachjouwer Willem de Vries is yn it park
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Besikers fan it park