FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei': it ferhaal fan Thea
Minsken fan de GGZ kinne gebrûk meitsje fan de rapid responder, in ambulânse sûnder toeters en bellen. Sa'n sike-auto kin alles wat in ambulânse kin, útsein pasjinten nei it sikehûs ferfiere. Thea fertelt oer har ûnderfining mei sa'n wein.
De rapid responder rydt út nei in melding E33, in melding fan in persoan mei betize gedrach. Programmamakker Miranda Werkman rydt in tsjinst mei op de rapid responder.