ONS Snits jout earste oerwinning fan it seizoen fuort tsjin tsien man

ONS Snits hat yn de slotfaze fan de útwedstriid tsjin AZSV de earste oerwinning fan it seizoen fuortjûn. Yn de haadklasse B stie de ploech fan Jan Vlap mei 3-0 foar tsjin tsien man, mar de thúsploech skoarde yn de lêste tsien minuten trije kear. Yn deselde kompetysje ferlear Bûtenpost mei 6-0 fan AVV Swift.
Trainer Jan Vlap fan ONS Snits © www.orange-pictures.nl
Mark Westra sette ONS nei in lytse tweintich minuten spyljen op foarsprong. Hy kaam op eigen helte yn balbesit, stuts sa'n fjirtich meter oer en lei de bal breed op rjochtsback Nick Kleen. Dy joech de bal werom oan Westra, dy't 'm yn 'e hoeke lei. In minút letter joech Kleen de bal oan Patrick van der Veen, dy't fanôf de râne fan it strafskopgebiet raak skeat yn de fiere krusing.
Ek yn de twadde helte wiene de bettere kânsen foar de Snitsers. Doe't doelman Jasper te Kolste fan AZSV read krige en in fjildspiler ûnder de latte stean moast, like it hielendal klear. AZSV krige mei in man minder noch wol in grutte kâns, mar Nick Kleen, dy't al twa assists jûn hie, like tsien minuten foar tiid dien wurk te meitsjen.

AZSV komt werom mei tsien man

Yn de lêste tsien minuten gong it lykwols hielendal mis by ONS. Niek te Veluwe sette de thúsklup op it skoareboerd fiif minuten foar tiid op it skoareboerd. Nei trije minuten yn blessueretiid kopte Jardell Kruidbos de oanslutingstreffer binnen. En nei min fuortwurkjen by ONS yn de ferdigening yn de 95e minuut besoarge Joost Rasing de thúsploech sels noch in punt.
It is foar ONS it earste punt fan it seizoen.
ONS-trainer Jan Vlap

Bûtenpost kânsleas

De oare Fryske haadklasser, VV Bûtenpost, hat twa punten mear. De ploech fan Jasper Bouma ferlear mei 6-0 yn Amsterdam by Swift. De earste kâns fan de wedstriid wie direkt raak: Daan Sutorios kopte nei in kertier raak út in hoekskop. Goed tsien minuten letter makke Fidel Yilmaz de 2-0.
Jorrit en Rik Weening krigen wol wat kânskes op de oanslutingstreffer, mar de Blaukes skoarden net. Direkt nei it skoft fergrutte Yilmaz de foarsprong fan de thúsploech. Yn de lêste tsien minuten krige de stân in pynlik oansjoch. Swift skoarde noch trije kear.
Yn de tredde difyzje gong de thúswedstriid fan Harkemase Boys tsjin Sparta Nijkerk net troch. By de besikers wiene ferskate coronabesmettingen. It wie foar de Harkiten al de tredde kompetysjewedstriid op rige dy't skrast is.