De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS wurdt dit jier wer trije dagen lang útstjoerd troch Omrop Fryslân. Fan 12 oant en mei 14 jannewaris is alles live te folgjen fia meartalige livestreams op ús webside en de Omrop-app en is de lêste dei ek live te folgjen op telefyzje.
It evenemint fynt dit jier plak yn it WTC Expo yn Ljouwert. Op tongersdei 12 en freed 13 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. De keuring is streekrjocht te folgjen fan 9.00 oere ôf fia livestreams yn it Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Nederlânsk, en nij dit jier: Spaansk.
Op de jûn fan 13 jannewaris stean de Friesian Proms op 'e planning. De Friesian Proms binne fan 20.30 oere ôf live te folgjen fia livestreams op de Omrop Fryslân webside en app. Mei optredens fan ûnder oaren Waylon, Hans Klok en Samantha Steenwijk.
Sneon 14 jannewaris is de Hynstekeuring. De folsleine keuring fan de stamboekhynsten is fan 8.30 oere ôf te folgjen op telefyzje en fia de livestreams yn seis talen op ús webside en de Omrop-app.
Hynstekeuring & Friesian Proms 2023 by Omrop Fryslân
- 12 jannewaris: hjirûnder werom te sjen
- 13 jannewaris: hjirûnder werom te sjen
- 13 jannewaris de Friesian Proms fan 20.30 ôf fia de livestream op omropfryslan.nl en de Omrop-app
- 14 jannewaris: hjirûnder werom te sjen
- 15 jannewaris fan 19.30 oant 22.30 oere in kompilaasje fan de Friesian Proms
Stjoer in berjocht
Sjoggers kinne sneon nei 12.00 oere reagearje fia de Omrop-app en WhatsApp nei 06 20 499 199. Berjochten komme live yn byld ûnder de útstjoering fan de Hynstekeuring.
Sjoch de finale fan 2023 werom: