De Hea!-caravan giet sneon 7 oktober wer op ' en paad nei Heech. Fan 09:30 oere ôf kinne je dêr terjochte mei in moai ferhaal, in tip foar in ûnderwerp of in bysûndere persoan of wat je mar kwyt wolle. De ferslachjouwers fan Hea! besykje dêr deselde dei noch in reportaazje fan te meitsjen. Foar eltse goeie tip ha we in aardichheidsje beskikber. En komt je ferhaal op televyzje, dan falt der sels sa’n moai Hea!-breabakje te winnen!