FryslânDOK biedt filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't derta dogge, dy't reitsje of dy't diskusje oproppe, oer ûnderwerpen yn Fryslân.
- De Frysktalige dokumintêres fan Fryslân DOK wurde Nederlânsk ûndertitele.
- De útstjoerings binne te sjen op:
Sneons by NPO2 om 15.30 oere (werhelling sneins)
en sneins by Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren).
Ferwachte dokumintêres:
- Boer Brussel Beweging 14 en 15 maaie
- Jeanne Bieruma Oosting 21 en 22 maaie
- Hillige Húskes - diel 2 28 en 29 maaie
Harkje
FryslânDOK hat ek in eigen podcast: 'FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân'. De podcast set oan ta neitinken en leit ferbinings tusken minsken yn en bûten Fryslân.