Miskien kin Marijke Groenewoud oer in lytse fjouwer jier wol op de fyts nei de Olympyske Spelen. Mar oft se dêr bliid mei is? "Ik ha der wat in dûbeld gefoel by." De kâns dat Thialf yn 2030 it plak foar it olympysk reedriden wurdt, is neffens Thialfdirekteur Minne Dolstra sa'n 90 prosint. De rest fan de Olympyske Spelen binne dat jier yn de Frânske Alpen, mar omdat dêr gjin geskikte iisbaan is, moat foar it langebaanreedriden útwykt wurde.
12 maaie, 20:19