KfdK Arno Brok: "As ik yn myn hert sjoch, wol ik hjirmei trochgean oant myn pensjoen"

CV Arno Brok © Omrop Fryslân
It grutte oantal partijen dat meidocht oan de Provinsjale Steateferkiezingen is in rykdom foar Fryslân. In kiesdrompel soe dêrom in min idee wêze. Dat seit kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Op 15 maart binne de Provinsjale Steateferkiezingen. No't ek Jezus Leeft meidocht, komt it totaal oantal partijen op 17 te stean. Trochdat der mear splinterpartijen by komme geane der lanlik lûden op om in kiesdrompel yn it libben te roppen. Arno Brok, kommissaris fan de Kening, sjocht dit foar Fryslân net sitten.

Lân fan minderheden

"Wy hawwe altyd in lân en provinsje fan minderheden west. De lytse groepen binne in wichtich ûnderdiel fan ús demokrasy. It is dêrom just in rykdom dat der aanst safolle partijen meidwaan kinne oan de Provinsjale Steateferkiezingen."
Dêr komt neffens Brok by dat in groeiend tal partijen foar mear dynamyk yn it parlemint soargje kin. Oer de beslútfoarming yn de koälysje seit er: "It kin wêze dat der aanst mear partijen nedich binne foar in mearderheid. Mar oer it meitsjen fan besluten meitsje ik my gjin soargen. Sjochst meastal dat partijen der dochs wol gau útkomme."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Arno Brok.
De wurkdruk kin lykwols heech oprinne by ienpitters. Mar ek dêr makket Brok him gjin soargen om. "Ik bin foarstanner fan in reële fergoeding foar dizze minsken. Sûnt 1975 is dizze no ek ferhege foar de Steateleden. Op dy wize kinne se bygelyks in dei frij keapje, mocht dat nedich wêze."
Arno Brok oer de ferkiezingen
Brok hat der ek fidúsje yn dat dizze groep genôch bagaazje hat. "Leden fan nije partijen hawwe faak op oare plakken ûnderfining dien. Sy hawwe bygelyks aktyf west yn it doarp en foarmje boppedat in moaie ôfspegeling fan de maatskippij. Memmen, heiten, boeren, en ûndernimmers. Sa moat it ek wêze."
Giet 'Holwert oan See' troch?
Brok hâldt hoop dat it projekt Holwert oan See trochgean kin. It plan is om de saneamde 'natuerlike fariant' fan Holwert oan See te realisearjen. Dêrby is it de bedoeling in trochgong yn de seedyk te kreëarjen wêrmei't de ferbining tusken de Waadsee en it achterlân reparearre wurdt. Wetterskip Fryslân en LTO Noord stapten yn novimber lykwols út it projekt.
"Mar dat betsjut net dat it net trochgiet. Der leit no útstel by de stjoergroep en it wurdt bepraat troch Provinsjale Steaten. Dy partijen sizze dêrnei oft it projekt al of net ophâldt. Kommende moanne sille we hearre wat der bart." Oft der tsien miljoen euro nei it projekt giet, wurdt bekend op 22 febrewaris.
Brok wol noch jieren trochgean
Op 1 maart 2017 begûn Brok as kommissaris fan de Kening. Dy perioade wurdt takom maart mei seis jier ferlinge. En dêr is er tankber foar. "Want ik wol my graach ynsetten bliuwe foar dizze provinsje, dêr't noch in soad foar te dwaan is", seit Brok, dy't der dêrnei miskien noch wol in termyn oan fêst knopet. "As ik yn myn hert sjoch, dan soe ik hjirmei trochgean wolle oant myn pensjoen."
Cartoon fan Arno Brok © Omrop Fryslan