Undersyk nei effekten fan klimaatferoaring foar fisken yn Waadsee

Yn in kelder yn IJmuiden wurdt sjoen nei it gedrach fan fisken yn de Waadsee:
Yn in kelder yn IJmuiden wurdt ûndersyk dien nei takomstige bewenners fan de Waadsee. Troch de klimaatferoaring waarmet alles op, ek it seewetter. Net alle fisken kinne dêr goed oer.
De Amerikaanske ûndersiker Bass Dye docht it ûndersyk by de fêstiging fan Wageningen Marine Research yn IJmuiden.
Om út te finen hokker temperatuer foar hokker fisk optimaal is, is in soarte fan rotonde fan wetter oanlein. De fisken kinne dus letterlik in rûntsje swimme. Yn dat rûntsje komme se fiif ferskillende temperatueren tsjin.
It plak dêr't se it leafste binne, is it plak mei de temperatuer dy't har it measte nei it sin is. Dizze laboratoariumopstelling wurdt in 'temperatuergradiïnt-preferinsjekeamer' neamd. Dêr boppe hingje kamera's om by te hâlden op hokker plak de fisken it meast binne.

Wettertemperatuer is belangryk

Eins is dit hiel basaal ûndersyk, leit Dye út: "Fan in soad fisksoarten dêr't net kommersjeel op fiske wurdt yn de Waadsee, hawwe wy eins gjin basisynformaasje oer harren biology. Wettertemperatuer is in wichtige faktor yn dêr't fisken foarkomme en hoe't se oerlibje. It is it earste dêr't je nei sjogge om dizze fisken te begripen."
Undersiker Bass Dye © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn tiden dat de seewettertemperatueren omheech gean troch klimaatferoarings, is dit ek hiel relevant ûndersyk, seit Dye: "It probleem is wol dat wy eins noch net witte wat de hjoeddeistige kondysjes binne dêr't dizze fisken ûnder libje. Om wat sizze te kinnen oer de takomst fan dizze fisken moatte wy mear witte oer harren eigenskippen. Wy kinne dy ynformaasje dan brûke om nei de takomst te sjen en hoe't sy bestean bliuwe kinne of oerlibje yn de Waadsee."
Sa is er der bygelyks achterkaam dat de meun in waarmere temperatuer tolerearret as de ideale trettjin graden as der mar in skûlplak beskikber is. Goudharder is in oare soarte dy't hieltyd mear yn it Waad sjoen wurdt. Dy kin oer waarmer waar en komt út it suden.
De 'preferinsjekeamer' © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It ûndersyk makket diel út fan it folle gruttere Swimway-ûndersyk wêrby't ûndersikers sjogge nei knyppunten foar fisken yn de Waadsee. De kennis dy't dat opsmyt, kin brûkt wurde foar it behear fan it beskerme natuergebiet.