Femke (16) is gek op de Dolly Dots: "De oare fans binne 50-plussers"
Femke (16) is gek op de Dolly Dots:
Se hearde in ferske fan de Dolly Dots op 'e televyzje en fûn de muzyk fuortendaliks hartstikke leuk. Sûnt dy tiid is Femke Adema fan Dokkum fan.
De Dolly Dots wiene in populêre fammegroep yn de tachtiger jierren. Femke is noch mar 16 jier: har freondinnen ha der dan ek net safolle mei. Oare fans dy't se tsjinkomt, binne meastal boppe de fyftich.
De Dolly Dots trede net mear op, mar Femke hat alris nei in show fan Angela Groothuizen west, ien fan de sjongeressen. Doe mocht Femke sels op it poadium komme en it dûnske fan She's a Liar meidwaan.
Echte Dolly Dots moetsje
Femke hat op Instagram in fanaccount makke dêr 't se filmkes en muzyk fan de groep op dielt. Fjouwer fan de echte Dolly Dots folgje har dêr ek.
De grutste winsk fan Femke is no om alle sjongeressen noch in kear yn it echt te moetsjen.
"Ik ha no Angela al troffen, dy wie hiel leaf. En ik ha Patty in kear sjoen", fertelt Femke. Dat betsjut: noch trije te gean.