Omrop Fryslân

Ate is al jierren havenmaster, brêgewipper en slûswachter, mar hy mist de ynteraksje fan eartiids

Ate mist it klompke
Ate Hospes is in bekend gesicht yn Makkum as havenmaster, brêgewipper en slûswachter. Eartiids waard it brêgejild noch wolris mei in klompke ophelle.
Dat mei tsjintwurdich net mear en Ate fynt dat spitich. It giet Ate net om it jild, mar om't de ynteraksje mei de minsken dêrmei ferdwûn is.
Dochs hat er mear as genôch te dwaan: oanhâldend oplette op auto's, fytsers en rinners, en fansels de feiligens by de brêge en de slûs.
Hjoed is der krekt in steuring. De brêge wol net iepen, en de minsken op it boatsje sitte no fêst tusken twa brêgen. Net ideaal, mar Ate bliuwt rêstich: it heart by it fak.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.