HEA! In heit foar alle fûgels

HEA! In heit foar alle fûgels
Sjouke Havinga soarget by fûgelopfang De Fûgelhelling yn Oerterp foar de jonge fûgeltsjes. Hy is ien fan de fiederheiten en -memmen.
En dat is in prigelwurkje. Mei in pinsetsje fuorret er de lytse fûgeltsjes yn it wetter weake kattebrokjes. En dat alle oeren wer. Mar Sjouke fynt it machtich moai wurk. Hy is gek fan fûgels.
De jonge fûgeltsjes binne by De Fûgelhelling binnen brocht omdat se út it nêst fallen binne, as se binne pakt troch in kat. Mar it komt ek foar dat minsken tinke dat de jonkys ferlitten binne troch heit en mem, wylst dy noch wol yn de buert binne.