Omrop Fryslân

Bram Marsman fielt him hielendal thús by Cambuur: "Supporters zijn wel een beetje mijn volk"

Bram Marsman
© Dijks Media
Mei syn grutte bosk krollen is fuotballer Bram Marsman in opfallende ferskining op it fjild fan Cambuur. De ferdigener kin bytekenje yn Ljouwert en spilet takom seizoen yn de earedivyzje.
"Het is ooit als kleine jongen een droom geweest om in de eredivisie te voetballen", fertelt Marsman as hy oer syn kontraktferlinging praat.
De 23-jierrige ferdigener krijt in brede glim. "Nu is het een droom die uitkomt en dat is echt heel mooi."
Bram Marsman fielt him thús yn Ljouwert
Marsman is berne yn Vroomshoop en groeide op yn de Achterhoek. Hy spile by de jeugd fan it kombyteam Heracles/Twente en kaam fjouwer jier lyn nei Cambuur.
"Ik voel me echt thuis hier, want de supporters zijn wel een beetje mijn volk. Ze doen gewoon lekker normaal en dat doen ze in Twente ook allemaal."
Hy spile earst by de ûnder 21 en makke trije jier lyn syn debút yn it earste. Dit jier spile hy njoggentjin wedstriden en foel er yn as ferdigener of oanfaller.
"Gewoon gas geven en alles voor het team doen. Daar moet het bij beginnen voor iedereen, dus dat is wel het minste wat je kan doen."
Marsman skoart hast tsjin FC Emmen
© Dijks Media
Syn kontrakt rint kommende simmer ôf en dus wie it lang de fraach of Marsman syn dream útkomme soe. Cambuur promovearre koartlyn nei de earedivyzje en komt takom seizoen op it heechste nivo fan Nederlân út.
Doe't de klup oanjoech fierder te wollen mei de spiler, wie er út 'e skroeven. It earste dat him troch de holle skeat, wie dat hy oar jier tsjin grutte klups as Ajax, Feyenoord en PSV spilet.
"Dat zijn de clubs waar je altijd naar keek vroeger en om daar te voetballen, in die stadions, dat lijkt me wel wat."

Cambuur fierder op kampioensjacht

SC Cambuur is dan wol promovearre, it kin ek noch altyd kampioen wurde. It ferskil mei direkte konkurrint ADO Den Haag is fjouwer punten.
De Ljouwerters spylje freed yn Venlo tsjin VVV. Marsman begjint yn de basis.
De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân. Op de radio op 92.2 FM en op ús webside is der in livebloch.
It is noch net wis hoelang oft Marsman bytekenje sil. De petearen rinne noch, al hopet hy sels op twa of trije jier.
Cambuurtrainer Henk de Jong is oar jier syn trainer net mear. De 61-jierrige Drachtster hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer.
Dochs hat hy wol in advys jûn om Marsman by de seleksje te hâlden. De Jong sjocht dat de ferdigener groeid is as spiler.
"Doe't hy ferline jier tsjin Feyenoord in eigen goal makke, lake elkenien him hast út, mar no is dat oars. Hy is folwoeksen wurden en bringt as wiksel altyd fjoer yn de striid. Dan libbet it hiele stadion op. Hy hat echt in klik mei it publyk."
Henk de Jong sjocht ûntwikkeling by Marsman
Marsman sjocht foar takom jier it measte út nei de wedstriid tsjin FC Twente. Foar him in thúswedstriid.
Ien foardiel, mocht hy skoare, dan komt der gjin spul mei de famylje. Heit en broer binnen nammentlik beiden foar Ajax.
"Ik denk wel dat de vriendengroep het minder leuk vindt, want daar zitten wel echte Twente-supporters bij. Dat kan wel een probleem worden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.