Liveblog
|
3 maaie
VVV Sjirk de Wal wint ôfdielingspartij by manlju én froulju | LWD Basket ûnderút
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.
Lêst bywurke: 3 maaie, 18:46
snein 3 maaie
18:46
Sjirk de Wal ek winner by de manlju
Ek de manlju ha harren earste ôfdielingspartij derop sitten. It partoer fan VVV Sjirk de Wal wie topfavoryt en makke dy status wier.
Yn de finale wiene Tjisse Steenstra, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma mei 5-3 en 6-2 te sterk foar KV Berltsum (Corné Tuinenga, Wytze Wassenaar en Thomas Dijkstra)
16:56
Wer in nederlaach foar LWD Basket
De basketballers fan LWD Basket ha tsjin Brussels Basket net foar in stunt soarge. Nei fjouwer perioades wie de einstân 93-76 foar de Belgen.
Allinnich yn de tredde perioade skoarde LWD mear punten (21-18, 25-12, 23-29, 24-17) dan de tsjinstanner.
16:52
Nyck de Vries hellet de finish net yn Berlyn
Autokoereur Nyck de Vries hat snein de finish net helle yn de Formule E Grand Prix fan Berlyn.
Nei in goede start kaam de Fryske koereur noch wol nei foar, fan plak 9 nei plak 3. Nei in botsing mei twa oare auto's moast er de race ferlitte.
16:43
Froulju sc Hearrenfean helje út
De fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean ha op besite by AZ flink úthelle. It waard úteinlik 1-5.
Dêr like it by it skoft noch net op. Doe wie it 1-1 nei doelpunten fan Aymee Altena (0-1) en Desiree van Lunteren.
Yn de twadde helte gie it gas derop. Troch goals fan Roos de Haas, Freya de Groot (twa kear) en nochris Aymee Altena kaam de einstân op it boerd.
16:31
Earste winners fan it keatsseizoen
It keatsseizoen is los. De dames giene hjoed de striid oan yn Reduzum by de ôfdielingspartij. De winst wie foar it partoer fan VVV Sjirk de Wal.
Yn de finale wiene Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi mei 5-2 en 6-4 te sterk foar it duo Annet de Haan en Iris Oosterbaan.
sneon 2 maaie
16:57
Njoggende plak foar De Vries
Autokoereur Nyck de Vries is by de earste Formule E Grand Prix fan dit wykein yn Berlyn 9e wurden. Hy hie him as 17e kwalifisearre.
De oerwinning wie yn Dútslân foar Nico Müller.
Moarn stiet de twadde race fan dit wykein yn Berlyn op it programma.