Wynjewâld wol klimaatneutraal wurde: subsydzje om te ferduorsumjen

Wynjewâld wol klimaatneutraal wurde
Enerzjykoöporaasje WEN fiert hjoed dat de 300ste ynwenner fan Wynjewâld in oanfraach foar ferduorsumingssubsydzje dien hat. It doarp wol klimaatneutraal wurde.
Ynwenner Rene Goseling wie de 300ste Wynjewâldster dy't in oanfraach die. Yn MFC De Swingel wienen bewenners útnûge om dat te fieren. In tredde fan de adressen yn it doarp makket no gebrûk fan de spesjale sjek dy't ferline jier útdield waard. De subsydzje is twatûzen euro.

Waarmtepomp

Goseling sels hie dêr gjin wit fan: "Ik wist helemaal niet hoeveel aanvragen er waren en hoe het liep. Het was een grote verrassing voor mij." De subsydzje sil er brûke om ûnder oaren in waarmtepomp oan te skaffen.
De enerzjykoöperaasje wol in folgjende stap sette troch oer te stappen op grien gas fan in dongfergister dy't yn it doarp komme moat. Guon ynwenners fersette harren hjir fûl tsjin.
Ferslachjouwer Earryt Sijens yn Wynjewâld