Hans libbet syn dream, yn de auto nei Sina: "Kanker heeft mij de ogen geopend"
De diagnoaze prostaatkanker brocht Hans Achterbosch ta in beslút: hy stelt syn dreamen net langer út. De arsjitekt út Ljouwert stapt tongersdei yn in ekspedysjeauto foar in reis fan 35.000 kilometer nei Sina en werom.
In tocht as oade oan it libben en mei in missy foar oaren mei kanker.
Under de motorkape fan de Toyota Land Cruiser leit in tradisjonele motor fan sa'n tweintich jier âld.
"Dit is één van de belangrijkste onderdelen van een auto", seit Hans Achterbosch.
"Die gaat mij dus naar China brengen, als het goed is. Dus die motor moet het doen. En ikzelf ook."
Achterbosch set tongersdei ôf foar in reis fan goed 35.000 kilometer yn seis moanne tiid. Foar it grutste part allinnich.
Dat docht er mei in ekspedysjeauto dy't er oant yn detail taret hat.
In dûbelde diseltank, sechstich liter wetter, in daktinte, kompressor, lier, sânplaten, touwen, kaarten, in keukentsje en in standkachel foar nachten dat it op grutte hichte fier ûnder nul wurde kin.
Mar de reis begjint net by de auto. Dy begjint by in diagnoaze.
De diagnoaze dy't alles feroare
"Ik heb kanker gekregen, nu ruim een jaar geleden en daar ben ik enorm van geschrokken", seit Achterbosch.
"Dat was een zeer ingrijpende periode waarin ik erg emotioneel ben geweest."
Achterbosch is in betûft berchbeklimmer en hat op de heechste bergen stien, de kâldste streken besocht en ekspedysjes makke nei ûnder mear Grienlân, de Súdpoal en de Mount Everest.
Mar kanker brocht in oare konfrontaasje mei him mei.
Ik maak de reis ook dankzij de kanker. Zo eerlijk ben ik ook.
"Als je lichaam ermee ophoudt, of in ieder geval de signalen afgeeft, waarbij het leven ook op het spel staat, dan gaat alles door je heen."
Yntusken is Achterbosch genêzen ferklearre. En dat besef hat wat yn gong set.
"Ik ga mijn dromen leven. En die ga ik niet langer uitstellen."
Yn dy perioade ûntstie it idee foar dizze reis. "Ik maak de reis ook dankzij de kanker. Zo eerlijk ben ik ook. De kanker heeft mij de ogen geopend."
As bern seach er al nei lânkaarten. Nei bergen, rivieren, flakten en fiere lannen.
Letter fleach er tsientallen kearen nei Sina, dêr't er as arsjitekt wurke oan ekoresorts.
Ut it fleantúch wei seach er nei ûnderen en tocht er: "Daar moet ik ooit doorheen reizen, niet eroverheen."
Hans libbet syn dream en rydt nei Sina ta
Oan syn reis ferbynt er in misje.
Foar elke kilometer wol er mei in crowdfundingsaksje ien euro ophelje: 35.000 euro foar ûndersyk nei kanker yn it Antoni van Leeuwenhoek-sikehûs yn Amsterdam, dêr't er sels behannele waard.
"Je loopt daar rond en het is heel triest om te zien hoeveel mensen daar rondlopen die ernstig ziek zijn", heucht Achterbosch him.
By syn behanneling wurke er mei oan wittenskiplik ûndersyk. Letter hearde er wat dat opsmiten hie.
"Ik was oprecht onder de indruk van wat dat voor effect heeft gehad op mijn operatie."
De rûte bringt him fia Turkije, Georgië, Ruslân, Kazachstan, Oezbekistan, Tadzjikistan, Kirgizië en Mongoalië yn 'e rjochting fan Sina.
Oer woastinen, berchpassen en ûnferhurde rûtes. "In de voetsporen van Marco Polo."
Meireizgje mei Hans
Hans Achterbosch dielt syn reis fia LinkedIn, Instagram en Polarsteps.
Mei foto's, ferhalen, dronebylden en opnamen út de auto wei. Net allinnich foar folgers, mar benammen foar minsken dy't sels siik binne en sa'n reis net meitsje kinne.
"Ik wil graag mijn reis met hen delen, zodat ze ook hoop krijgen of houden."
It is in tocht fol risiko's, mar benaud is Achterbosch net.
"Zoals wij dat in de bergbeklimmerij vaak zeggen: wij zijn bereid om de gecalculeerde risico's te nemen."
Ek de geopolitike situaasje freget om tarieding. In rûte fia Iran is foar Achterbosch no gjin opsje. Wol rydt er foar in part fia Ruslân, mei in fisum en in steapel papierwurk oan board.
Sina helje is net perfoarst it wichtichste doel. It giet him foaral om wat der ûnderweis bart.
"De reis naar de stilte, de reis naar binnen. Een reis die mij heel veel gaat brengen en ik hoop ook anderen", seit Achterbosch.