Tsiisfabryk Warkum moat CO2-neutraal: "Waarmte molke kin nei swimbad"

Frachtwein fan FrieslandCampina © Omrop Fryslân
It tsiisfabryk fan Warkum wol CO2-neutraal wurde. "It is in opstekker foar de agraryske sektor nei de ûnrêst fan lêste tiid", seit boargemaster Jannewietske de Vries.
Mei in nije molkûntfanger set FrieslandCampina dit wykein de earste stap yn in grutte modernisaasjeslach. Sa komt der in nije ôfdieling foar de distribúsje fan de folytsiis. En it komplekse liedingsysteem wurdt ek ferfongen.
Sân nije molketanks fan heal miljoen liter it stik by tsiisfabryk Warkum
Mei sân nije tanks fan 500 kúb it stik kin der alle dagen 3,5 miljoen mingel molke opslein wurde.
De ynnovaasje soarget foar fleksibiliteit, seit Tiede van der Velde. Hy is de direkteur fan it fabryk. "We kinne no trije soarten molke hielendal skieden fan mekoar ferwurkje."
Tiede van der Velde, direkteur tsiisfabryk © Omrop Fryslân
It is ek goed foar it klimaat, om it fabryk by de tiid te bringen, seit Van der Velde. "No al kinne we 25 prosint redusearje. Dat is in grutte stap. Mar we ha de plannen klear om fierder te gean."
Yn 2030 wol FrieslandCampina 63 prosint redusearje, en op termyn moat it fabryk hielendal CO2-neutraal wêze.
Boargemaster De Vries sjocht mooglikheden. "De bedoeling is dat we waarmte fan dit fabryk brûke foar it swimbad fan Warkum."