Liveblog | 18 septimber 2022

Partoeren Tuinenga en Van der Bos winne Aldehou | Hearrenfean wint fan Twente

Yn dit blog bringe we de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân fan dit wykein. Mei hjoed ûnder oare:

* Hoe komt it mei Nyck de Vries?

* de Aldehoukeatspartij yn Ljouwert

* sc Hearrenfean tsjin FC Twente

Lêst bywurke: 18 septimber 2022, 21:07
21:03

Anouska Koster wint Ronde Van 't Loo

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen hat sneintemiddei de Ronde van 't Loo wûn. Koster wie de rapste fan in lytse kopgroep dy't healwei de koers ûntstien wie. Ferline jier wûn de hurdfytser dizze ronde ek al.
"Het was mooi om hier weer te winnen. Het was dit jaar iets closer dan vorig jaar, maar winnen is winnen. We hebben de hele koers in de regen gereden, met een paar dikke stortbuien. We kwamen met een mooie groep vooruit en moesten sprinten voor de zege. Ik zette de sprint van ver in en kon het mooi afmaken", sa lit Koster op har eigen webside witte.
17:12

Ek de winners fan de Aldehoupartij by de manlju binne bekend

Gert-Anne van der Bos wie snein de winner yn Ljouwert:
De winst yn de Aldehoupartij is sneintemiddei nei Gert-Anne vd Bos, Gabe-Jan van Popta en Erwin Zijlstra gien. Yn de lêste haadklassepartij fan dit seizoen wiene sy mei 5-2 en 6-2 fiersten te sterk foar it partoer fan Peter van Zuiden, Renze Pieter Hiemstra, en Hans Wassenaar.
It wie úteinlik Gabe-Jan van Popta dy't mei in boppeslach in ein makke oan it keatsseizoen 2022. De tredde priis gie snein nei Auke Boomsma, Thomas Dijkstra en Patrick Scheepstra.
16:40

Twente mei lege hannen werom nei Enschede

Nettsjinsteande in flater fan Milan van Ewijk nei twa minuten bliuwe de trije punten dochs yn Hearrenfean. De ploech fan trainer Kees van Wonderen kaam de minne start te boppe en wint sneintemiddei mei 2-1 fan FC Twente.
16:16

Winnende partoer by de froulju is bekend

Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Manon Scheepstra ha sneintemiddei de Aldehoupartij 2022 by de froulju wûn. Yn de finale wiene se, yn it minne waar, mei 5-1 en 6-0 fiersten te sterk foar it partoer fan Amarins de Groot, Mintje Meindertsma en Jeske Terpstra.
Manon Scheepstra wûn ek it yndividuele klassemint mei mar leafst 73 punten.
Manon Scheepstra yn petear oer har seizoen:
15:23

Tjisse Steenstra is de winner fan in yndividuele jierklassemint

By de Aldehoupartij gie Tjisse Steenstra der sneon yn de earste omloop ôf. Tegearre mei Hessel Postma en Laas Pieter van Straten gie it op 5-5 en 6-6 mis tsjin Youri de Groot, Yoram Elzinga en Menno van Zwieten.
Nettsjinsteande dat ferlies is Steenstra dit jier wol de winner fan it yndividuele jierklassemint mei 59 punten, wêrby't benammen syn earste oerwinning op de PC yn Frjentsjer yn it each springt.
Tjisse Steenstra yn petear oer syn seizoen
15:17

sc Hearrenfean by it skoft op foarsprong

Sportclub Hearrenfean stiet yn it skoft mei 2-1 foar. De ploech fan trainer Kees van Wonderen kaam mei 0-1 achter troch in flater fan Milan van Ewijk, mar doelpunten fan dyselde Van Ewijk en Bochniewicz soargje foar in 2-1 foarsprong yn de thúswedstriid tsjin FC Twente.