Jouster kabelprodusint nominearre foar prestizjeuze Koning Willem I Prijs

FibreMax makket hiele sterke kabels dy't wrâldwiid brûkt wurde
Kabelprodusint FibreMax fan De Jouwer is nominearre foar de Koning Willem I Prijs 2022. De ûndernimmerspriis wurdt ek wol de 'Oscar van het Nederlandse bedrijfsleven' neamd.
De prijs waard foar it earst útrikt yn 1958. Der binne njoggen finalisten, wêrûnder dus FibreMax, dy't nominearre is yn de kategory 'Midden -en Kleinbedrijf'. De oare kânshawwers binne it Haarlemske bakkersbedriuw Van Vessem en Maan Group út Raalte, in bedriuw yn lym- en oerflaktechnyk.
Oprjochter Rinze-Jan van der Schuit fan FibreMax © ANP
Moandeitejûn is de finale yn Grins, dêr't keninginne Máxima ek by is. Se is de earefoarsitter fan de Koning Willem I Prijs.

Wynmûnen

FibreMax is yn 2009 oprjochte en makket kabels dy't bestean út in kombinaasje fan tou en stieltried. De kabel is 85 persint lichter as stiel en giet tsien kear langer mei, wat it produkt folle duorsumer makket. Se wurde in protte brûkt foar wynmûnen op see.