Omrop Fryslân

Gjin banksitters op de buorkerij fan Wopke

Gjin banksitters op de buorkerij
Der is wol in bank yn 'e hûs, mar boer Wopke van der Meulen sit der noait op. Oars soe hy mar yn sliep falle.
It is lammetiid en dêrom ek drok op de pleats fan de Van der Meulens yn Smelle Ie. Der komme in soad lamkes by en dêr moat goed op past wurde.

Lakenvelders

Wopke hat in âlderwetske Fryske stâl. De swart- en readbûnte Lakenvelder kij steane noch oanbûn mei de groppe der achter.
De bank is foaral it domein fan de soan, dy 't der op telefyzje sjocht en oan it gamen is. Mar der hinget neat boppe.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.