Omrop Fryslân

Groenewoud noch net entûsjast oer Spelen yn Thialf: "Dan mist it olympyske gefoel"

Marijke Groenewoud nei in training op skeelers by De Feanhoop
© Omrop Fryslân
Miskien kin Marijke Groenewoud oer in lytse fjouwer jier wol op de fyts nei de Olympyske Spelen. Mar oft se dêr bliid mei is? "Ik ha der wat in dûbeld gefoel by."
De kâns dat Thialf yn 2030 it plak foar it olympysk reedriden wurdt, is neffens Thialfdirekteur Minne Dolstra sa'n 90 prosint. De rest fan de Olympyske Spelen binne dat jier yn de Frânske Alpen, mar omdat dêr gjin geskikte iisbaan is, moat foar it langebaanreedriden útwykt wurde.
Mar Groenewoud, dy't yn dit jier yn Milaan olympysk goud en brûns pakte, is net ferkocht troch it idee. "As alle oare olympyske ûnderdielen yn Frankryk binne, krijst hjir net hielendal it olympyske gefoel."
By de Spelen fan dit jier wienen de sporten ek op ferskate lokaasjes, mar de reedriders sieten yn Milaan by ûnder oare de iishockeyers, keunstriders en shorttrackers. "Dan bist yn it olympysk doarp mei allegear oare sporters. Dan komt alles byinoar."
Dan kin ik hast wol thús sliepe, dat soe skande wêze.
Marijke Groenewoud
Har teamgenoat Jorrit Bergsma, dy't yn Milaan oan syn fjirde Olympyske Spelen meidie, is wat hoopfoller. "Milaan wie hiel spesjaal, dêr kamen we echt yn in olympyske spirit. Mar miskien kinst dat hjir ek wol kreëarje."
Mar hy moat ek tajaan: "Je sitte wol in hiel ein fan de Frânske Alpen ôf. It is 1.500 kilometer, je geane net even samar op en del."
Wat fine de sporters sels fan it idee om olympysk reedriden yn Thialf te hâlden?
Wat dat oanbelanget soe in pop-upiisbaan yn Frankryk, wat se yn Milaan dit jier bygelyks dienen, in útkomst wêze. Mar Thialf leit no op poleposition, sjocht ek Groenewoud yn.
"De kâns dat it hjir komt is grut, begryp ik, dus ik bin der bang foar. Dan kin ik hast wol thús sliepe, dat soe skande wêze."
Thialf is wol it moaiste plak om te riden, dat fynt hast elke reedrider en Groenewoud is dêr net oars yn. "Kinst it net better treffe. Better as dat wurdt it net. Mar je misse dan wol it echte olympyske gefoel."
It olympyske gefoel hat trainer Jillert Anema noch noait hân. "It is gewoan elke dei in wedstriid. In pear minuten steane de skynwerpers derop. Dat feroaret foar my net."
Jillert Anema mei Jorrit Bergsma op de Olympyske Spelen yn Milaan
© Orange Pictures
Hy sjocht it foaral as foardiel, as it reedriden yn Thialf komt. "Dat is in thúsfoardiel. It soe útsûnderlik wêze, mar foar ús soe it hiel moai wêze."
Mar oft it echt sa fier komt? "Ik bliuw skeptysk", seit Anema.
Bergsma hâldt him op de flakte. "We sjogge it wol. It soe in unike kâns wêze foar Thialf, foar Fryslân, foar Nederlân sels. Mar we moatte it mar sjen."
Boppedat wit hy ek net oft er yn 2030 noch meidocht. "Ik bin no 40 jier, ik besjoch it jier foar jier."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.